De Twadde Trageedzje fan de Faam
De Twadde Trageedzje fan de Faam, yn it Ingelsk: The Second Maiden's Tragedy, is in Ingelsk toanielstik fan ûnbekend auteurskip út it begjin fan 'e santjinde iuw. It is inkeld oerlevere yn 'e foarm fan in manuskript en de oarspronklike titel is ûnbekend. Mei't it hânskrift dat bewarre bleaun is de kopy is dy't nei de sinsuer stjoerd waard, binne ek de oanpassings oerlevere dy't sinsor George Buc deryn oanbrocht hat. De titel dy't no foar it stik brûkt wurdt, is ôfkomstich fan 'e fergunning ta opfiering, efteryn it nammeleaze manuskript, wêryn't Buc it "this second Maiden's Tragedy" ("dizze twadde Trageedzje fan de Faam") neamd, dêrby ferwizend nei The Maid's Tragedy ("De Trageedzje fan de Faam") fan Francis Beaumont en John Fletcher). De Twadde Trageedzje fan de Faam waard skreaun yn 1611 en datselde jiers opfierd troch de King's Men, in bekend teäterselskip, mar foarsafier bekend nea publisearre. It oerlevere manuskript is op 'e noed fan it Britsk Museum te Londen.
De Twadde Trageedzje fan de Faam | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Second Maiden's Tragedy | |
auteur | taskreaun oan ferskate auteurs (û.o. William Shakespeare) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 1611 | |
1e publikaasje | mooglik pas 1978, Manchester | |
1e opfiering | 1611 |
Auteurskip
bewurkje seksjeOp 'e efterside fan it manuskript, dat behalven in titel ek de namme fan 'e skriuwer mist, steane trije trochskraste taskriuwings yn ferskillende hanskriften: earst oan Thomas Goffe, dan oan William Shakespeare, en dan oan George Chapman. De taskriuwing oan Shakespeare is de reden dat De Twadde Trageedzje fan de Faam ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene wurdt. De hjoeddeiske konsensus yn akademyske fermiddens, basearre op in yngeande analyze fan skriuwstyl en taaleigen, is lykwols dat it stik foar it neist skreaun is troch Thomas Middleton.
Ynhâld
bewurkje seksjeDe Twadde Trageedzje fan de Faam is in stik mei twa ferhaallinen. Yn 'e haadplot wurdt kening Govianus troch in usurpator dy't inkeld "de Tiran" neamd wurdt, fan 'e troan stjitten. De Tiran wol mei de Frouwe (the Lady), Govianus syn ferloofde, trouwe, mar hja hâldt fan Govianus en stegeret de Tiran ôf. Uteinlik stjoert de Tiran in binde fan syn trewanten om har by him te bringen, mar ear't se har meinimme kinne, docht se harsels tekoart. De Tiran lit har lykwols út har grêftombe helje, en, ûnder de tsjoen fan har skientme rekke, lit er har lichem balsemje, sadat er dêr seksuële omgong mei hawwe kin. Hy lit ek har gesicht opmeitsje troch in skilder, mar Govianus ferklaait him as de skilder en fervet de Frouwe har lippen mei fergif. Sadree't de Tiran it lyk tutet, falt er yn ûnmacht en stjert, wêrnei't Govianus syn regear wer opnimt.
De twadde ferhaalline giet oer Anselmus, de jongere broer fan Govianus, dy't syn frou (dy't inkeld "de Frou", the Wife, neamd wurdt) derfan fertinkt dat se efter syn rêch mei oare manlju omslacht. Sadwaande bepraat er syn freon Votarius om te besykjen en ferliedt de Frou. Votarius stimt mei tsjinnichheid ta, mar rekket ta syn betizing fereale op 'e Frou, en sy op him. De Frou har faam, Leonella, sjocht harren tegearre, en fertelt oan Anselmus dat syn frou mei syn bêste freon omslacht. Tegearre betinke Votarius en de Frou dan in mûklist om Anselmus derfan te oertsjûgjen dat de Frou him trou is: Votarius praat mei Anselmus ôf dat dy him yn 'e kleankast yn 'e sliepkeamer fan 'e Frou ferskûlje sil; dan sil Votarius besykje de sliepkeamer yn te kringen en de Frou sil him dan op sa'n wisberette manear ôfwize, dat der gjin twifel bestean kin oer har trou. Anselmus, dy't alles fan 'e kast út sjen sil, sil dan gerêststeld wêze, en dan kinne Votarius en de Frou efter syn rêch om mei-inoar omgean.
It rint lykwols oars. De Frou betinkt letter noch wat om it toanielstikje noch oertsjûgjender te meitsjen: Votarius moat in wapenris ûnder syn klean drage, sadat sy beare kin dat se him besiket dea te stekken. Se lit it oan har faam Leonella oer om Votarius fan dizze feroaring fan it plan op 'e hichte te bringen. No wol it tafal dat Leonella har frijer, Bellarius, de aartfijân fan Votarius is. As hja him oer it hiele spul fertelt, sjocht er in útlêzene kâns om Votarius út 'e ljochten te helpen sûnder dat er sels earne fan fertocht wurde sil. Bellarius bepraat Leonella om Votarius net te fertellen dat er in wapenris oandwaan moat, en boppedat lit er har it swurd, dat yn 'e sliepkeamer fan 'e Frou oan 't lewant hinget, ynsmarre mei gif. Dat as de Frou letter it swurd grypt en Votarius dermei ferwûnet, stjert dy. Anselmus, dy't no alhiel oertsjûge is fan 'e trou fan syn frou, springt út 'e kast, grypt it swurd en stekt Leonella dea, om't er mient dat dy de Frou falsk beskuldige hat. Bellarius, dy't him ek yn it fertrek ferskûle hie om tsjûge te wêzen fan 'e dea fan Votarius, springt te foarskyn en fljocht Anselmus oan. De Frou, dy't tuskenbeiden besiket te kommen, wurdt by fersin deastutsen, en dêrnei fjochtsje de beide mannen fierder oant se inoar deadlik ferwûnje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |