Haadmenu iepenje

Martin Droeshout (Londen, om april 16011650) wie in Ingelske grafikus fan Flaamsk komôf. Hy waard ferneamd fan syn portret fan William Shakespeare dat op de titelside fan de First Folio-útjefte út 1623 ôfbyld is.

Droeshout hat it fak faaks leard fan syn heit Michael Droeshout en syn âldere broer John Droeshout, dy't beide ek gravueres makken. It Shakespeare-portret waard bot wurdearre troch Ben Jonson dy't it as libbensecht ("true to life") beskreau. Martin Droeshout wie lykwols 15 jier doe't Shakespeare yn 1616 stoar, dat der wurdt oannaam dat er Shakespeare net persoanlik kend hat en syn portret nei in oar petret makke hat.

Njonken portretten (bygelyks dy fan John Foxe, John Howson en George Villiers, de earste Hartoch fan Buckingham) makke Droeshout ek allegoarysk, mytysk en satirysk wurk.

Droeshout hat ek bydroegen oan it Stamboeck (Album Amicorum) fan Michael van Meer.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Dútske artikel