Eddy Evenhuis (Grins, 1 novimber 1920 - Ljouwert, 21 augustus 2002) wie in sjoernalist en dichter. Hy wie fan 1955 oant 1983 haadredakteur fan de Leeuwarder Courant.

Eddy Evenhuis en syn oarehelte komme oan op Skiphol út Ynje wei, 21 febrewaris 1954

Libben en wurk

bewurkje seksje

Evenhuis gie nei de HBS yn Grins en waard ein jierren tritich foluntêr by it Groninger Dagblad, dêr't er kunde krige oan de skriuwer A. Marja en oan Koos Schuur dy't him "Prins Der Zeven Meren" doopte.
Hy debutearre yn 1938 yn it literêr tydskrift Den Gulden Winckel. Syn earste dichtbondel ferskynde yn 1943 ûnder de titel Uit de pas by de klandestine Homerus Pers.

Nei de befrijing wurke Evenhuis wer foar it Groninger Dagblad, oant er yn 1948 haadredakteur waard fan De Vrije Pers yn Soerabaja. Hy gie yn 1954 werom nei Nederlân en waard koart dêrnei bûtenlânredakteur by de Ljouwerter Krante. In jier letter folge er haadredakteur Kees van Beem op, oant 1965 tegearre mei Jan Piebenga en dêrnei mei Jacob Noordmans. Fan 1969 ôf wie Laurens ten Cate de tredde haadredakteur. Evenhuis betocht tegearre mei Henny Keikes de rubryk 'Gehoord en Gezien' dy't foar it earst ferskynde yn de Ljouwerter fan 4 febrewaris 1957. Hy skreau skerpe liberale kommentaren yn syn rubryk 'Feiten en achtergronden' en lies krekt as kollega Jacob Noordmans alle drukproeven. Foar dichtsjen hie er hieltyd minder tiid, mar út en troch stjoerde er ûnder in falske namme wolris gedicht nei de Lyrische Courant, de poëzy-bylage fan syn eigen krante, en dat waard dan pleatst. Yn 1983 joech er it haadredakteurskip oer yn 1985 gie er mei pinsjoen. Evenhuis stie bekend as haadredakteur dy't mear saaklik as beskôgjend wie.

Evenhuis waard troch Ab Visser ta de Grinzer Skoalle rekkene. Yn 1995 joech er noch in dichtbondel yn eigen behear út. Gedichten fan him binne opnaam yn karlêzingen fan Gerrit Komrij en Menno Wigman.

  • Uit de Pas (klandestyn útjûn yn WO II)
  • De leerling Alexander (klandestyn útjûn yn WO II)
  • Pan in de stad (1946)
  • Een Affaire (1974)
  • Eigen keur (1995)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: