Jacob Noordmans
Jacob Noordmans (Tritsum (Tsjom), 19 febrewaris 1928 - Ljouwert, 25 juny 2017) wie in sjoernalist en âld-haadredakteur fan de Ljouwerter Krante út Balk.
Jacob Noordmans | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 19 febrewaris 1928 | |
berteplak | Tritsum | |
stoarn | 25 juny 2017 (89 jier) | |
stjerplak | Ljouwert | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Sjoernalist | |
aktyf as | Haadredakteur, kollumnist | |
bekendste wurk(en) |
Rubryk Gast op Zondag |
Yn 1948 die hy eineksamen oan it grifformeard gymnasium-A yn Ljouwert. Nei syn militêre tsjinstplicht studearre hy sûnt 1950 Ingelsk oan de steedlike Universiteit fan Amsterdam. Op 1 febrewaris 1952 waard er beneamd by de provinsje-redaksje en hie dêr as lid fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke de rubriken Tsjerkenijs en Geastlik Libben.
Op 1 jannewaris 1966 waard Noordmans beneamd as haadredakteur oan de Ljouwerter Krante neist Eddy Evenhuis. Hy folge dêrmei Tjitte Piebenga op. Hy wie ek dejinge dy't Rimmer Mulder út De Haach wei nei de redaksje fan de Ljouwerter helle. Yn 1989 gie er mei pinsjoen, mar gie er noch jierren troch mei syn populêre rubryk Gast op Zondag.
Jacob Noordmans waard 89 jier en waard te hôf brocht yn Kûbaard dêr't er grutbrocht waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|