Rimmer Mulder
Rimmer Mulder (Drachten, 1948) is in sjoernalist en fan 1988 oant 2009 haadredakteur fan de Ljouwerter Krante.
Fan 1965 oant 1968 wurke Mulder by it Frysk Deiblêd. Yn 1968 gie er nei it deiblêd Trouw en fan 1981 oant 1987 by de GPD.
Mulder kaam op 1 oktober 1987, op oanstean fan Jacob Noordmans, yn tsjinst by de Ljouwerter Krante as adjunkt-haadredakteur. Yn april 1988 waard er algemien haadredakteur. Yn 2008 wie er de langst sittende haadredakteur fan Nederlân. Yn 2008 kundige er oan dat er der op 1 septimber 2009 mei ophâlde soe.
Yn 2007 ferskynde fan him de bondel "Mijn Friesland" mei bespegelingen oer de provinsje Fryslân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|