Wio Joustra
sjoernalist en publisist oer ferskate ûnderwerpen
Wio Joustra (Frjentsjer, 1950) is in sjoernalist en publisist oer ferskate ûnderwerpen.
Fan 1983 oant 2001 wie Joustra sjoernalist fan de Folkskrante, û.o. as sjef fan de politike redaksje en as korrespondint yn Londen. Fan 1995 oant en mei 2001 die hy ferslach oer de noardlike provinsjes. Sûnt 2001 wurke hy by de Ljouwerter Krante, oant 2010 as plakferfangend haadredakteur, dêrnei as senior ferslachjouwer. Sûnt 2014 is Joustra freelance sjoernalist.
Joustra hat in stik as wat boeken skreaun, ûnder oare in biografy oer Margaret Thatcher en it boek De Lange, oer Hotze Schuil.
Bibliografy
bewurkje seksje- Margaret Thatcher, biografy - 1988
- Spylje mei tradysje (mei Yme Kuiper) - 2001
- Sporthistorie - Tussen feit en mythe tegearre mei Pieter Breuker - 2005
- De Lange (mei Jelle Bangma en Ate de Jong) - 2006
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |