Ate de Jong (aktivist)

Net te betiizjen mei Ate de Jong (filmregisseur), filmregisseur en filmprodusint.

Ate de Jong (Weidum, 1951) is in Frysk sjoernalist en aktivist.

Ate de Jong groeide op yn Weidum as soan fan in suvelarbeider. Fan syn heit learde er te knokken foar je rjochten en ideeën. "En dat der arbeiders en bazen wiene, mar dat bazen net tinke moasten dat se mear wiene as arbeiders. In baas sûnder arbeiders is baas-ôf, mar in arbeider sûnder baas bliuwt noch altyd in arbeider." Mei syn mem hied er in soad konflikten.

As tsjinstwegerder die hy ferfangende tsjinst yn it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer. It wurk lei him wol, mar doe 't hy hearde dat definsje fertsjinne oan tsjinwegerers lei hy it wurk del. It late ta in proses dêr’t hy ta 21 moannen finzenis yn Bankenbosch (Feanhuzen) feroardiele waard. Yn heger berop waard dat feroare yn twa wike finzenisstraf yn Utert. Polityk wie der yntusken begryp foar De Jong syn beswieren. Tsjinstwegerers foelen tenei ûnder it Ministearje fan Sosjale Saken.

It wie it begjin fan syn libben as aktivist. Hy fertelt dêroer yn in ôflevering fan FryslânDOK. Hy wurke by it Sintrum foar Untwikkelingssamenwerking (COS) yn Ljouwert, wie aktyf in it Frysk Anti-Faksisme Komitee (FAFK) en waard letter direkteur van Tûmba, de organisaasje yn Fryslân foar anty-diskriminaasje.

It FAFK wie in breed komitee dat yn de jierren santich en tachtich fan de foarige iuw aksje fierde tsjin fassime, rasisme en seksisme yn binnen- en bûtenlân. In soad publisiteit krige de aksje tsjin de Zaaizaad en Pootgoed Centrale (ZPC) dy 't ynfestearde yn it fassistyske Sjili fan Pinochet. It wykblêd "Hervormd Nederland" spruts fan in "aardappeloproer" yn Fryslân. It komitee brocht de reade trijehoek út, it antyfassisme spjeldsje, dêr 't tsientûzenen fan ferkocht binne. It FAFK hie ek each foar de diskriminaasje fan it Frysk.

Tûmba fierde aksje tsjin in útsetsintrum yn Dokkum, in plan fan minister Verdonk. Tûmba feroare "Dongeradeel" op de plaknammebuorden fan alle doarpen yn dy gemeente yn "Verdonkeradeel."

Yn 2014 naam De Jong ôfskied fan syn libbenswurk Tûmba. Hy krige by syn ôfskied in boek mei syn publikaasjes. Gauris brûkte er in sitaat fan in âld-fersetsman: "It is goed om op tiid swart-wyt te tinken, mar do moatst nea kleureblyn wurde."[1] Fan syn kollega's krige hy tritich túnkabouters. Dy sette hy 's nachts oer it stek by de ipenbiere skoalle yn Dronryp, mei in briefke dat se op de flecht wiene, want hyltyd faker waarden se foar "kutkabouters" útmakke (In ferwizing nei Marokkanen dy 't gauris minder posityf yn it nijs kamen). De skoalle organisearre in anty-pesttraining foar de bern. "Dát is no kabouterkracht," skreaun De Jong yn in kollum..

Yn de jierren santich kaam hy by de Frjentsjerter Krante en rûgele sa de keatswrâld yn.[2] Hy skreau der in boek oer: Op'e tribune.[3] De Jong die in soad sjoernalistyk wurk, nei syn pensjoen skreau er yn de rubryk Stil leven en Hoesadatsa stikjes fan 150 wurden foar hûsoanhûsblêden.

Ate de Jong skreau boeken oer wenskipbewenners, dakleazen, minsken dy’t kleur bekenne tsjin diskriminaasje, oer keatsen en oer de populêre Cambuurtrener Henk de Jong.

  • Harmonie Weidum 1898-1973 (1973)
  • Wij woane op ut water: furhalen en foto's fan woanskipbewoaners in Sneek, útjouwerij De Espel (1987)
  • Foar in kleurryk Fryslân, útjouwer Frysk Anti-Faksisme Komitee te Ljouwert (1987)
  • Op’e tribune – foar keatspakes en pakes’ keatsers (2010) ISBN 9789033009389
  • En dat foar in kat (2022)
as ko-auteur

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pakhuis De Zwijger
  2. Ivich op it Sjûkelân, kaatsen.nl
  3. Op in bankje - sûnder Bangmapartij, kaatsen.nl