Karst Berkenbosch
Karst Berkenbosch (* 1950, It Hearrenfean) is in keunstner, sjonger, skriuwer en oant 2000 learaar út Aldeberkeap. Hy sjongt kabareteske lietsjes yn it Stellingwerfsk, Nederlânsk en Frânsk. Hy wurke dêrby yn Flatties Haemerslag tegearre mei Guus Huis in't Veld. Berkenbosch wurke ek gear mei gitarist Doeke Dokter út Wolvegea.
Karst Berkenbosch | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Karst Berkenbosch | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1951 | |
berteplak | It Hearrenfean | |
wurkpaad | ||
sjenre | kabaret | |
sjongtaal | Nederlânsk, Stellingwerf, Frânsk | |
ynstrumint | sjonger, akkordeon | |
jierren aktyf | 1986 - no |
Yn de jierren santich spile hy mei yn it Stellingwerfske kabaretprogramma fan Et Harbargespul en it kabaretprogramma fan Leo Dijkstra, it Selskip Leo Dykstra. Yn 1985 song hy op it Nasjonale Befrijingsfeest it liet Lottie op in tekst fan Johan Veenstra. Fierders wie Berkenbosch kollumnist fan de Ljouwerter Krante; de lêste tiid skriuwt er kollums foar de Nieuwe Ooststellingwerver en in de Stellingwerver. Boppedat hat er foarsitter fan it Fryske Filmfûns west.
Karst Berkenbosch hie oant 1 jannewaris 2009 in eigen festbûseteater yn de âlde Legere Lânbouskoalle yn Berkeap. Yn 2010 hat Berkenbosch in boek skreaun yn opdracht fan Steatsboskbehear mei as titel ‘Wat West is’. It jout yn it Stellingwerfsk oan dat it oer de skiednis giet, mar yn it Nederlânsk wat it op dit stuit is. It giet oer de kultuer-histoaryske eftergrûn fan de natoergebieten yn West-Stellingwerf.
Diskografy
bewurkje seksjeSyn earste LP Zaangrond ferskynde yn 1987. Wurk fan him stiet ek op ferskate Sammel CD's mei oaren. As CD ferskynden fierder:
- Lullige liederen (mei Doeke Dokter, 1999)
- Zomer op Ameland (2000)
- Karst zingt Berkoop (2003)
- Hero in Japan (2006)
- Rozen in de winter (Nederlânske CD, 2008)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |