Johan Veenstra (Wolvegea, 6 jannewaris 1946) is ien fan de bekendste Stellingwerfske skriuwers. Hy skriuwt Stellingwerfske dichtbondels, ferhalen en romans. Johan Veenstra is berne yn de Wolvegea, mar hat syn hiele libben yn Nijeholtpea wenne. Njoggen jier lang skreau en spruts er kollums (Stellingwarver Stiekelstokkies) foar Omrop Fryslân radio. Hy skriuwt no kollums foar de Ljouwerter Krante.

Johan Veenstra
skriuwer
Johan Veenstra foar syn âldershûs yn Nijeholtpea
Johan Veenstra foar syn âldershûs yn Nijeholtpea
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 6 jannewaris 1946
berteplak Wolvegea
reg. identiteit Stellingwerfsk
wurk
taal Stellingwerfsk
sjenre Gedicht, roman, koart ferhaal, kollumn
prizen sjoch tekst

Johan Veenstra is yn 2001 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau, foar syn wurk yn en foar it Stellingwerfsk. Yn 2020 wûn Veenstra de Rink van der Veldepriis. Hy krige de priis foar syn boek Vroeger is veurgoed veurbi'j. It wie foar it earst dat de priis takend waard foar in boek dat yn in streektaal skreaun is. Yn maart 2021 waard Veenstra beneamd ta eareboarger fan de gemeente Weststellingwerf.

Boeken bewurkje seksje

  • Wilde Gaanzen, ferhalen en gedichten, 1974
  • Fluitekruud, ferhalen, 1977
  • As de wilde roze bluuit, gedichten, 1979
  • Een vlinder van zulver, roman, 1981
  • Naachs goelen de honnen, roman, 1984
  • Lamert en Lutske, verhaelen, 1987
  • De toren van De Lichtmis, gedichten, 1988
  • Lamert, Lutske en Doerak, ferhalen, 1990
  • Stellingwarver Stiekelstokkies, radioteltsjes, 1991
  • De boot naor Valhöll, ferhalen, 1992
  • Stellingwarver Stiekelstokkies 2, radioteltsjes, 1993
  • Sletel parredies, gedichten, 1994
  • Stellingwarver Stiekelstokkies 3, radioteltsjes, 1995
  • Een meenske is gien eerpel, ferhalen, 1997
  • Verrassend Stellingwarfs, oersettings, 1998
  • Toegift, roman, 1999
  • Winterlaand, gedichten, 2001
  • Wonder boven wonder, folksferhalen, 2002
  • De wereld is gek, ferhalen, 2004
  • Een brogge van glas, roman, 2006
  • Longerlaand, gedichten (tegearre mei Peter Hiemstra), 2007
  • Et geheim van de wiend, roman, 2009
  • In brêge fan glês, roman, 2009 (Fryske oersetting fan Een brogge van glas)
  • Laandschop, gedichten/keunst (tegearre mei Peter Hiemstra), (2009)
  • Mit et waeter veur de dokter, ferhalen, (2012)
  • Een vrouw van ivoor, roman, 2015
  • De overkaant van et waeter, gedichten, 2017
  • Vroeger is veurgoed veurbi'j, roman, 2018
  • Et liek in de Lende, skriller, 2021
  • Naozoemerlaand, ferhalen, 2023

Prizen en ûnderskiedings bewurkje seksje

  • H.J. Bergveld-priis, 1984 foar Naachs goelen de honnen
  • H.J. Bergveld-priis, 1991 foar Een vlinder van zulver
  • Siemonsma Kultuerpriis, 2002
  • Streektaalpriis 2009 Dagblad van het Noorden, 2010 foar Et geheim van de wiend
  • Stellingwarf-Trofee, 2010
  • Streektaalprijs 2015 Dagblad van het Noorden, 2016, foar Een vrouw van ivoor
  • Rink van der Veldepriis, 2020, foar Vroeger is veurgoed veurbi’j
  • Sulveren Anjer, 2021

Keppelings om utens bewurkje seksje