Bert Wagendorp (Groenlo, 5 novimber 1956) is in Nederlânsk skriuwer, kollumnist en sjoernalist, dy't û.m. foar de Ljouwerter Krante en De Volkskrant wurke hat. Hy is in grut leafhawwer fan hurdfytsen yn it algemien en fan 'e Tour de France yn it bysûnder. De measten fan syn romans en koarte ferhalen hawwe op 'e iene of oare manear mei hurdfytsen of in oare sport te krijen.

Bert Wagendorp
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bert Wagendorp
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 novimber 1956
berteplak Groenlo (Gelderlân)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Nedersaksysk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
kollumns, non-fiksje
tema's hurdfytsen
jierren aktyf 1995 – no
offisjele webside
Bert Wagendorp op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Wagendorp waard yn 1956 berne yn Groenlo, yn 'e Achterhoeke, mar groeide foar in grut part op yn Emmeloard, yn 'e Noardeastpolder. Hy folge dêre fuortset ûnderwiis oan it Emelwerda Kolleezje. Neitiid studearre er Nederlânske taal- en letterkunde oan 'e Ryksuniversiteit Grins.

Nei't er syn stúdzje mei goed gefolch ôfrûne hie, gie Wagendorp in tal jierren oan it wurk as tekstskriuwer (copywriter) yn 'e reklamebrâns. Yn 1985 kaam er as sportferslachjouwer yn 'e tsjinst fan 'e Ljouwerter Krante. Trije jier letter, yn 1988, makke er de oerstap nei in lanlike krante, De Volkskrant. Fan 1989 oant en mei 1994 died er foar De Volkskrant seis kear ferslach fan 'e Tour de France. Fan 1996 oant 2000 wied er korrespondint yn Londen.

Underwilens ferskynde yn 1995 Wagendorp syn earste roman, mei as titel De Proloog. Dat wie in benearjende beskriuwing fan 'e sliepeleaze nacht fan in hurdfytser dy't de prolooch fan 'e Tour de France winne moat. It boek waard yn 2001 yn it Dútsk oerset as Der Prolog.

Wagendorp publisearre yn 2005 de ferhalebondel De Dubbele Schaar, besteande út fjouwer koarte ferhalen tsjin in min ofte mear histoaryske, sportive eftergrûn. Dat boek behelle dat jiers it trêde plak by de ferkiezing fan it bêste sportboek, de Nico Scheepmaker Beker. In oare bekend útjefte fan Wagendorp wie it boek Sportleven, út 2006, dêr't er syn eigen non-fiksje oer sport yn gearfandele hie, ynklusyf in kar út 'e sportkollumns dy't er tusken 2000 en 2006 skreau foar De Volkskrant. Yn desimber 2006 folge Wagendorp Jan Blokker by dy krante op as algemien kollumnist.

Yn maaie 2013 ferskynde Wagendorp syn bekendste boek, de roman Ventoux, oer fiif freonen dy't tritich jier nei it deadlik ûngelok fan 'e sechsde freon op 'e Mont Ventoux, yn Frankryk, wer gearkomme. De roman waard troch it boekepanel fan it tillefyzjeprogramma De Wereld Draait Door útroppen ta boek fan 'e moanne. Fan Ventoux giene binne healjier yn Nederlân 100.000 eksimplaren oer de toanbank. Der kamen Dútske, Frânske, Deenske, Noarske en Fryske oersettings, en der waard ek in ferfilming makke, Ventoux.

Wagendorp is mei-oprjochter en haadredakteur fan it literêre hurdfytstydskrift De Muur. Mei Frans van Schoonderwalt en Leo van de Ruit skreau er ek Tussen Bordeaux en Alpe d'Huez, oer de Nederlânske dielname oan 'e Tour de France. Dêrnjonken ferskynden ferhalen fan syn hân yn it literêre fuotbalblêd Hard Gras en yn it literêre reedrydtydskrift Zwart IJs.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: