Omgong fan Frankryk
De Omgong fan Frankryk (Frânsk: Tour de France, ek wol Le Grand Boucle) is in hurdfytswedstryd yn Frankryk. De omgong, dy't jildt as de dreechste en earfolste wedstriid fan it hurdfytsseizoen, wurdt yn etappen troch gâns Frankryk fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is altiten yn Parys.
SkiednisBewurkje
De Omgong fan Frankryk is yn 1903 foar it earst holden, organisearre troch de krante l'Auto, mei it doel mear kranten ferkeapje te kinnen. Wie de Omgong eartiids ien wike, wêryn de hurdfytsers somtiden dei en nacht fytse moasten op fytsen sûnder fersnellings, hjoeddeis is de omgong trije wiken, mei in totale afstân fan om en de by 3500 - 4000 km.
De omgong is sa populêr wurden dat stêden sels jild betelje om oankomstplakken wêze te kinnen. Njoggen kear is der in etappe yn in Nederlânske stêd einige: Amsterdam hie in 1954 de primeur, Maastricht yn 1969, Skeveningen en Rotterdam yn 1973, Leien en Sint-Willebrord yn 1978, De Bosk yn 1996 en Falkenburch yn 1992 en 2006.
Sûnt 1984 is der ek in Omgong fan Frankryk foar froulju (Frânsk: La Grande Boucle Féminine Internationale).
KlassemintenBewurkje
Njonken de oerwinnings yn de etappen wurdt yn de Omgong fan Frankryk ek striden om ferskate klasseminten. Der is in klassemint foar de bêste ploech, foar de bêste klimmer (Bâltsjemouhimd), foar de bêste jonge hurdfytser (Wyt mouhimd), foar de oanfallendst-ridende hurdfytser, foar de bêste sprinter (Grien mouhimd), en fansels foar de fytser dy't oer de hiele omgong it minste tiid brûkt (Giel mouhimd).
De súksesfolste hurdfytser yn de Omgong fan Frankryk is de Amerikaan Lance Armstrong, dy't 7 kear efterinoar, 1999 oant 2005, oer de hiele omgong de fluchste wie. Yn al die jierren dat de Omgong ferriden wurdt, hawwe der oant no ta twa Nederlânders wûn. De earste wie Jan Janssen dy't yn 1968 it fluchst wie, en yn 1980 behelle Joop Zoetemelk it giele mouhimd.
WinnersBewurkje
- 2015 Christopher Froome
- 2014 Vincenzo Nibali
- 2013 Christopher Froome
- 2012 Bradley Wiggins
- 2011 Cadel Evans
- 2010 Andy Schleck
- 2009 Alberto Contador
- 2008 Carlos Sastre
- 2007 Alberto Contador
- 2006 Óscar Pereiro
- 1999 - 2005 Lance Armstrong
- 1998 Marco Pantani
- 1997 Jan Ullrich
- 1996 Bjarne Riis
- 1991 - 1995 Miguel Indurain
- 1989 - 1990 Greg Lemond
- 1988 Pedro Delgado
- 1987 Stephen Roche
- 1986 Greg Lemond
- 1985 Bernard Hinault
- 1983 - 1984 Laurent Fignon
- 1981 - 1982 Bernard Hinault
- 1980 Joop Zoetemelk
- 1978 - 1979 Bernard Hinault
- 1977 Bernard Thevenet
- 1976 Lucien Van Impe
- 1975 Bernard Thevenet
- 1974 Eddy Merckx
- 1973 Luis Ocana
- 1969 - 1972 Eddy Merckx
- 1968 Jan Janssen
- ...
Fiif as mear oerwinningsBewurkje
- 7
- Lance Armstrong wûn de Omgong fan 1999 oant 2005.
- 5
- Miquel Indurain wûn de Omgong fan 1991 oant 1995.
- Bernard Hinault wûn 1978, 1979, 1981, 1982 en 1985.
- Eddy Merckx wûn fan 1969 oant 1972 en noch ris yn 1974.
- Jacques Anquetil wûn yn 1957 en fan 1961 oant 1964.
FerwizingBewurkje
- Offisjele webstee Ingesk