Fogezen
De Fogezen is in berchgebiet yn it easten fan Frankryk. It is in middelberchtme mei de Großer Belchen/Grand Ballon as heechste punt (1424 m).
De Fogezen en it Swarte Wâld, skieden troch de Rynfallei, hawwe geologysk in protte mien. De Fogezen besteane meast út granyt en reade sânstien.
Der binne grutte meteorologyske ferskillen tusken de eastkant en de westkant fan it berchtme. De jierlikse delslach is folle heger en de trochsneed temperatuer is leger yn it westen as yn it easten.
Heechste toppen fan de Fogezen
bewurkje seksje- Grand Ballon 1424 m
- Storkenkopf 1366 m
- Hohneck 1364 m
- Kastelberch 1350 m
- Klintzkopf 1330 m
- Rothenbachkopf 1316 m
- Lauchenkopf 1314 m
- Batteriekopf 1311 m
- Haut de Falimont 1306 m
- Gazon du Faing 1306 m
- Rainkopf, 1305 m
- Gazon du Faîte 1303 m
- Ringbuhl 1302 m
- Soultzereneck 1302 m
- Tanet 1292 m
- Petit Ballon 1272 m
- Ballon d'Alsace 1247 m
- Ballon de Servance 1216 m
- Champ du Feu 1099 m
- Donon 1008 m
Bekende berchpassen (cols)
bewurkje seksje- Col de la Schlucht 1139 m
- Col de Bramont 956 m