Gerardus Joseph (Joop) Zoetemelk (De Haach, 3 desimber 1946) is nei Jan Janssen de twadde Nederlânske hurdfytser dy't de einoerwinning yn de Omgong fan Frankryk wûn hat.

Joop Zoetemelk
sporter
Joop Zoetemelk (1973)
Joop Zoetemelk (1973)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerardus Joseph Zoetemelk
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 3 desimber 1946
berteplak De Haach
lingte 173 sm
gewicht 68 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
O.S. Meksiko 1968
debút 1967
karriêre-ein 1987
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1968
Omgong fan Frankryk (1980),
Omgong fan Spanje (1979),
Wrâldkampioenskip Dykhurdfytsen (1985)

As 18-jierrige debutearre Zoetemelk as hurdfytser by de amateurs. Yn dy perioade wûn hy ûnder oaren de Tour de l'Avenir, it Circuit fan Mines en de Omgong fan Jûgoslaavje. Mei it beheljen fan de Olympyske titel yn 1968 yn Meksiko op it ûnderdiel ploegetiidrit, tegearre mei Jan Krekel, Fedor den Hartog en René Pijnen, bruts hy foar altyd troch nei de wrâldtop.

Yn 1970 tekene Zoetemelk in profkontrakt by Mars-Flandria. Rillegau die bliken dat er wier in omgongfytser wie; yn syn earste Omgong fan Frankryk, bygelyks, waard hy twadde yn it einklassemint, nei de Belch Eddy Merckx. Zoetemelk hat de Omgong fan Frankryk 16 kear fytst en alle kearen hat er dy ek útriden, beide faker as't in oare hurdfytser ea dien hat. Seis kear is er as twadde yn it einklassemint einige, wat him lykas de Frânsman Raymond Poulidor, de bynamme De Ivige Twadde joech. Oars as Poulidor sette Zoetemelk yn 1980 de kroan op syn wurk troch de einoerwinning yn de Omgong op te easkjen. Dat jier, fan 26 juny oant 20 july 1980, oer in totaal fan 3.842 km en 22 etappes, bleau er de twadde, de Nederlanner Hennie Kuiper, 6'55" foar. Zoetemelk riid doetiids foar it ferneamde Raleigh-team, tegearre mei de Nederlanners Gerrie Kneteman, Henk Lubberding, Bert Oosterbosch, Cees Priem, Bert Pronk, Jan Raas, Johan van de Velde en Leo van Vliet en de Belg Paul Wellens. Mei dit team dominearre Zoetemelk de ploegetiidritten.

Yn 1974 foel Zoetemelk mei gefaar foar syn libben yn de wedstriid de Midi Libre. Der waard tocht dat er it net oerlibje soe, mar troch syn wilskrêft kaam hy it jier dêrop izersterk werom. Hy wûn dat jier 20 wedstriden, ûnder oaren Parys-Nice', de Omgong fan Nederlân en Dwêrs troch Lausanne. Yn de Omgong fan Frankryk wûn hy dat jier ien etappe en waard fiifde yn it einklassemint.

De earelist fan Zoetemelk is enoarm. Hy wurdt dêrom wol as de bêste hurdfytser ea fan Nederlân sjoen. Neist 10 etappeoerwinnings, 22 dagen it giele mouhimd, 6 kear twadde en ein kear winner fan it einklassemint fan de Omgong fan Frankryk, hat Zoetemelk ek noch ferskate grutte iendaagse klassiekers wûn:

  • Nederlânsk kampioen op 'e wei 1971, 1973
  • Parys-Nice 1974, 1975, 1979
  • Omgong fan Nederlân 1977
  • Waalske Pylk 1976
  • Parys-Tours 1977, 1979
  • Omgong fan Spanje 1979
  • Tirreno-Adriatico 1985
  • Wrâldkampioenskip op 'e wei 1985; mei 38 jier de âldste kampioen ea.
  • Amstel gold race 1987
  • Omgong fan Frankryk 1980
  • Mart Smeets - De Tour fan '80; Nieuw Amsterdam 2005.
  • Jean Nelissen - De 100 beste Nederlandse wielrenners aller tijden; Amsterdam/Antwerpen 1999.