Jan Janssen
Jan Janssen (Nootdorp, 19 maaie 1940) is de earste Nederlânske hurdfytser dy't de Omgong fan Frankryk wûn hat.
Jan Janssen | ||
sporter | ||
Jan Janssen, augustus 1968 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jan Janssen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 19 maaie 1940 | |
berteplak | Nootdorp | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
earste titel | Omgong fan Limboarch (1961) | |
O.S. | Rome 1960 | |
debút | 1962 | |
karriêre-ein | 1972 | |
wichtige prestaasjes | ||
Omgong fan Spanje (1967), Omgong fan Frankryk (1968), Parys-Nice (1964), Parys-Roubaix (1967), Wrâldkampioenskip (1964) |
It begjin
bewurkje seksjeAs amateur wûn Janssen in ferskaat oan klassikers; hy blonk út yn de Tour de L'Avenir. Syn profkarriêre boude er stadichoan op yn Frankryk. By syn debút yn de Omgong fan Frankryk yn 1963 wûn er ien etappe. Troch in swiere fal koe hy dy edysje fan de omgong lykwols net útride.
Profjierren as hurdfytser
bewurkje seksje1964 - 1967
bewurkje seksjeIt jier 1964 kaam de grutte trochbraak foar Janssen yn it profpeloton. Hy wûn de meardeiske klassiker Parys-Nice en letter dat jier wûn er yn de Omgong fan Frankryk sawol twa etappes as it griene trui, de trui foar de winner fan it punteklassemint. Datselde jier behelle er by de wrâldkampioenskippen yn Sallanches de wrâldtitel hurdfytsen op de wei.
It jier dêrop brocht Jansen wer it griene trui nei Parys. Yn 1966 ferspile hy de einoerwinning yn de omgong oan de Frânsman Lucien Aimar en moast er tefreden wêze mei it twadde plak.
Yn de Omgong fan Frankryk fan 1967 einige er as nûmer fiif yn it algemien klassemint en as nûmer ien yn it punteklassemint. Dizze goede einklassearing en it feit dat er letter dat jier de Omgong fan Spanje op syn namme brocht, makke wol dúdlik dat hy ea de Omgong fan Frankryk winne koe.
1968
bewurkje seksjeYn 1968 wûn Jan Janssen as earste Nederlânner de Omgong fan Frankryk. Yn in omgong fan 26 etappes fan yn totaal 4.685 km wie hy úteinlik 38 sekonden rapper as de nûmer twa, Herman van Springel (Belgje), en 3'03" as de nûmer trije, Ferdinand Bracke (Belgje).
De oare Nederlanners yn dizze omgong wiene: Eddy Beugel, Arie den Hartog, Evert Dolman, Henk Nijdam, Harm Ottenbros, Wim Schepers, Jos van der Vleuten, Gérard Vianen en Hubertus Zilverberg.
Nei 1968
bewurkje seksjeNeist dizze oerwinning, it hichtepunt yn syn yndrukwekkende karriêre, wûn Janssen ek noch in tal wichtige iendaagse klassikers. Hy hie ek sukses as baanhurdfytser; yn dy sport wûn er seis kear in seisdaagse, wêrfan trije kear tegearre mei de ferneamde hurdfytser Peter Post.
Ein 1972 hong er de fyts yn 'e wylgen. Yn totaal hie er doe 168 oerwinnings as profhurdfytser behelle. Nei syn hurdfytsperioade hat Janssen syn eigen fytsmerk op de merk brocht. Dat suksefol bedriuw fiert er no noch, mei syn beide soannen.
Palmares
bewurkje seksje- Omgong fan Frankryk
- Winner 1968
- Punteklassemint 1964, 1965, 1967
- Wrâldkampioen profs 1964
- Kampioenskip fan Surich 1962
- Parys - Nice 1964
- Omgong fan Nederlân 1965
- Bordeaux - Parys 1966
- Parys - Lúksenboarch 1967
- Omgong fan Spanje 1967
- Super-Prestige Pernod 1967
- Ongong fan Mallorca 19 '67