Federico Bahamontes
Federico Martín Bahamontes (Santo Domingo, 9 july 1928 – Valladolid, 8 augustus 2023), bynamme De Earn fan Toledo, wie in Spaansk hurdfytser. Hoewol't berne as Federico Martín, brûkte er wilens syn Karriêre op de fyts de efternamme fan syn mem, Bahamontes. Yn 1959 waard er de earste Spaanske winner fan de Omgong fan Frankryk.
Federico Bahamontes | ||
sporter | ||
Federico Bahamontes (1960) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Federico Martín Bahamontes | |
bynamme | De Earn fan Toledo | |
nasjonaliteit | Spaansk | |
bertedatum | 9 july 1928 | |
berteplak | Santo Domingo | |
stjerdatum | 8 augustus 2023 | |
stjerplak | Valladolid | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
debút | 1947 | |
karriêre-ein | 1965 | |
wichtige prestaasjes | ||
Omgong fan Frankryk (1959) |
Karriêre
bewurkje seksjeYn 1959 wûn er de Omgong fan Frankryk. Boppedat einige er yn 1963 en 1964 as twadde, respektyflik tredde yn it einklassemint. Hy wie in erkend klimmer, mei as bynamme De Earn fan Toledo. Hy ferovere seis kear it berchklassemint yn de Omgong fan Frankryk: yn 1954, 1958, 1959, 1962, 1963 en 1964. Yn totaal hat er sân etappes yn de Tour wûn.
Yn 1957 einige er as twadde yn it einklassemint fan de Omgong fan Spanje. Yn dat jier en it jier dêrop wûn er boppedat it berchklassemint fan dy omgong. Hy helle twa etappe-oerwinningen yn de Vuelta.
Ek it berchklassemint fan de Omgong fan Itaalje hat er wûn: yn 1956. In jier letter wûn er in rit yn de Giro.
Federico Bahamontes ferstoar op 8 augustus 2023, yn 'e âldens fan 95 jier.
Dielname oan grutte omgongen
bewurkje seksjeDielname oan de Omgong fan Frankryk
bewurkje seksje- 1954 - 25e;
- 1956 - 4e;
- 1957 - net finisht;
- 1958 - 8e; winner 14e en de 20ste etappe.
- 1959 - 1e; winner 15e etappe.
- 1960 - net finisht;
- 1962 - 14e; winner 13e etappe.
- 1963 - 2e; winner 15e etappe.
- 1964 - 3e; winner 8ste en de 16e etappe.
- 1965 - net finisht;
Dielname oan de Omgong fan Spanje
bewurkje seksje- 1955 - 21e;
- 1956 - 4e;
- 1957 - 2e; winner 3e etappe.
- 1958 - 6e;
- 1959 - net finisht; winner 4e etappe.
- 1960 - net finisht; winner 13e etappe.
- 1965 - 10e
Dielname oan de Omgong fan Itaalje
bewurkje seksjePloegen
bewurkje seksje- 1954 - Mondia
- 1955 - Terrot-Hutchinson
- 1956 - Girardengo-ICEP
- 1957 - Mobylette-Caobania
- 1958 - Faema
- 1959 - Condor
- 1960 - Faema
- 1961 - VOV
- 1962-1965 - Margnat-Palona
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|