Felice Gimondi (Sedrina, 29 septimber 1942 - Giardini-Naxos 16 augustus 2019) wie in Italjaansk hurdfytser en wie trije kear winner fan de Omgong fan Itaalje. Dêrneist wûn er ien kear de Omgong fan Frankryk en ien kear de Omgong fan Spanje. Dermei is Gimondy ien fan de hurdfytsers dy't alle trije de grutte omgongen wûn hat.

Felice Gimondi
sporter
Felice Gimondi (1966)
Felice Gimondi (1966)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Felice Gimondi
nasjonaliteit Italjaansk
bertedatum 29 septimber 1942
berteplak Sedrina
stjerdatum 16 augustus 2019
stjerplak Giardini-Naxos
lingte 181 sm
gewicht 71 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 1964
karriêre-ein 1979
wichtige prestaasjes
Omgong fan Frankryk (1965),
Omgong fan Itaalje (1967, 1969, 1976) (3x),
Omgong fan Spanje (1968)

De yn Sedrina by Bergamo berne Gimondi wie as amateur al in fertsjinstlik hurdfytser, mei ûnder mear winst yn de Omgong fan de Takomst. Hy bruts folslein troch yn syn debútjier by de profs yn 1965 doe't er as debutant de Omgong fan Frankryk op syn namme skreau. Twa jier letter wûn Gimondi de Omgong fan Itaalje, eat dat er yn 1969 en 1976 werhelje koe. Yn 1968 wûn er ek de Omgong fan Spanje, wêrmei 't er ien fan de hurdfytsers is dy 't alle trije de Grutte Omgongen wûn hawwe. De oaren binne Jacques Anquetil, Eddy Merckx, Bernard Hinault, Alberto Contador, Vincenzo Nibali en Chris Froome. Gimondi einige alle fiif kearen dat er meidie oan de Omgong fan Frankryk yn de top tsien. Syn leechste klassearring yn de Toer wie in sânde plak en hy wûn yn totaal sân etappes yn de Omgong fan Frankryk.

Gimondi ried net allinnich sterk yn de grutte omgongen, mar hy wie ek in spesjalist yn iendeistige wedstriden. Sa wûn er twa kear de Omgong fan Lombardije (1966 en 1973). Parys-Roubaix (1966) en Milaan-San Remo (1974) skreau er ien kear op syn namme. Yn 1973 waard Gimondi wrâldkampioen.

Felice Gimondi ferstoar yn 2019 yn de âldens fan 76 jier oan in hertoanfal by it swimmen yn see foar de eastkust fan Sisylje.

Dielnimming oan grutte omgongen

bewurkje seksje

Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk

bewurkje seksje
  • 1965 -   1e; winner 3e, 18e en de 22ste etappe.
  • 1967 - 7e; winner 10e en de 20ste etappe.
  • 1969 - 4e; winner 12e etappe
  • 1972 - 2e;
  • 1975 - 3e; winner 10e etappe.

Dielnimming oan de Omgong fan Spanje

bewurkje seksje
  • 1968 -   1e; winner 17e etappe

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje

bewurkje seksje
  • 1965–1972 - Salvarani
  • 1973–1979 - Bianchi

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fanwegen ûnregelmjittichheden by de wedstriid is etappe 19 skrast út de útslaggen en klasseminten, dit wie de etappe dy't wûn waard troch Felice Gimondi.