Omgong fan Frankryk 1904
De 2e edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 2 oant en mei 24 july 1904.
Omgong fan Frankryk 1904 | ||||
2e edysje | ||||
Rûtekaart fan de Omgong fan Frankryk 1904 | ||||
Tiidrek | 2 - 24 july 1904 | |||
Startplak | Montgeron | |||
Finishplak | Parys | |||
Totale ôfstân | 2.428 km | |||
Dielnimmers | 88 | |||
Klasseminten nei 6e etappe | ||||
Winner | FRA Henri Cornet | |||
Ploegen | FRA La Française | |||
foarrige edysje | Omgong fan Frankryk 1903 | |||
folgjende edysje | Omgong fan Frankryk 1905 | |||
|
Rebûlje
bewurkje seksjeIn Omgong dy't neffens de Frânske parse ek de lêste wêze soe. It like derop dat de wedstriid, nei it sukses fan de edysje 1903, deroan gean soe oan eigen populariteit. Spitigernôch wiene der yn dizze twadde edysje in tal swierrichheden. Yn it foarste plak gie it dêrby om aksjefierende omwenjenden, omdat de omgong harren nachtrêst fersteure soe (doe waard der ek nachts koerst). Fierders foelen op de Col de la République supporters fan Faure de achterfolgjende Garin lestich, wiene der strjitten dêr't bewust glêsdiggels struid wiene en waard de koers fersteurd troch fjochtpartijen. In fûl swierwaar makke de slotetappe nei it Parc des Princes ûnmooglik.
Diskwalifikaasjes
bewurkje seksjeIenris yn Parys die bliken dat Maurice Garin syn twadde oerwinning boekt hie, diskear mei in foarsprong fan mar trije en in heale minút op Lucien Pothier. Mar de freugde duorre net lang. It Frânske hurdfytsbûn wegere de útslach fanwegen alle ûnregelmjittichheden, lykas it foar in part "riden" fan de rûte mei trein. In flink tal hurdfytsers, wêrûnder de earste fjouwer fan it einklassemint, waard út de útslaggen skrast en Pothier waard foar it libben op non-aktyf set. Maurice Garin krige in startferbod fan twa jier. De oerwinning gie úteinlik nei Henri Cornet, dy't hast trije oeren efterstân hie op Garin. De lêste hurdfytser dy't yn Parys oer einstreek kaam die der goed 101 oeren langer oer.
Etappe-oersjoch
bewurkje seksjeDatum | Etappe | Start – Finish |
Ofstân (yn km) |
Type | Winner | Klassemintslieder |
---|---|---|---|---|---|---|
2 july | 1ste | Montgeron - Lyon |
467 km | Flakke etappe | FRA Maurice Garin | FRA Maurice Garin |
9 july | 2e | Lyon - Marseille |
374 km | Heuveletappe | FRA Hippolyte Aucouturier | |
13 july | 3e | Marseille - Toulouse |
424 km | Flakke etappe | FRA Hippolyte Aucouturier | |
17 july | 4e | Toulouse - Bordeaux |
268 km | Flakke etappe | FRA Lucien Pothier | |
20 july | 5e | Bordeaux - Nantes |
425 km | Flakke etappe | FRA Hippolyte Aucouturier | |
6e | 23 july | Nantes - Parys (Ville d'Avray) |
471 km | Flakke etappe | FRA Hippolyte Aucouturier | |
Datum | Etappe | Start – Finish |
Ofstân (yn km) |
Type | Winner | Klassemintslieder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Omgong fan Frankryk |
---|
Giele trui · Griene trui · Boltsjestrui · Wite trui · Giel rêchnûmer · Read rêchnûmer |
Fryske dielnimmers · froulju |
Ferneamde bergen · Souvenir Henri Desgrange · Souvenir Jacques Goddet |
1903 · 1904 · 1905 · 1906 · 1907 · 1908 · 1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025 |
· · |