Omgong fan Frankryk 1907
De 5e edysje fan de Omgong fan Frankryk waard hâlden fan 18 july oant en mei 4 augustus 1907.
Omgong fan Frankryk 1907 | ||||
5e edysje | ||||
Rûtekaart fan de Omgong fan Frankryk 1907 | ||||
Tiidrek | 18 july - 4 augustus 1907 | |||
Startplak | Parys | |||
Finishplak | Parys | |||
Totale ôfstân | 4,488 km | |||
Gem. faasje | 28,47 km/o | |||
Dielnimmers | 93 | |||
Klasseminten nei 14e etappe | ||||
Winner | FRA Lucien Petit-Breton | |||
foarrige edysje | Omgong fan Frankryk 1906 | |||
folgjende edysje | Omgong fan Frankryk 1908 | |||
|
Ferin fan 'e koers
bewurkje seksjeYn de twadde etappe by de einspurt yn Metz fochten Emile Georget en Louis Trousselier om de deipriis. Georget like it te heljen, mar de sjuery besliste, dat beide hurdfytsers gelyk einige wiene. Yn de sânde etappe kaam Marcel Cadolle, winner fan de fjirde etappe, slim te fallen. By it oansetten ta de einsprint botste er op in karre dy't oan de dyk stie. It hânfet fan syn stjoer hie by de fal syn knibbel trochboarre. Dat betsjutte it ein fan Cadolle karriêre as hurdfytser. Yn de njoggende etappe fan Toulouse nei Bayonne bruts it frame fan de fyts fan klassemintslieder Émile Georget, neffens de regleminten moast er de skea eigenhannich reparearje. Georget wist dat soks teminsten in efterstân fan 5 oeren opsmite soe en wiksele dêrom fan fyts wat yn striid mei de regleminten wie. Hy waard dêrnei fanwegen klachten fan oare hurdfytsers nei it lêste plak fan de ritútslach weromset. Hy wûn letter noch al wat etappen, mar dizze omgong winne wie net mear mooglik. Guon hurdfytsers wiene it net iens mei dit beslút en stapten út protest út de koers. Lucien Petit-Breton naam de lieding yn it klassemint en waard fierder net mear bedrige.
Etappe-oersjoch
bewurkje seksjeDatum | Etappe | Start – Finish |
Ofstân (yn km) |
Type | Winner | Klassemintslieder |
---|---|---|---|---|---|---|
8 July | 1ste | Parys - Roubaix |
272 km | Flakke etappe | FRA Louis Trousselier | FRA Louis Trousselier |
10 July | 2e | Roubaix - Metz |
398 km | Flakke etappe | FRA Emile Georget FRA Louis Trousselier[1] | |
12 July | 3e | Metz - Belfort |
259 km | Berchetappe | FRA Emile Georget | FRA Emile Georget |
14 July | 4e | Belfort - Lyon |
309 km | Berchetappe | FRA Marcel Cadolle | |
16 July | 5e | Lyon - Grenoble |
311 km | Berchetappe | FRA Emile Georget | |
18 July | 6e | Grenoble - Nice |
345 km | Berchetappe | FRA Georges Passerieu | |
20 July | 7e | Nice - Nîmes |
345 km | Flakke etappe | FRA Emile Georget | |
22 July | 8ste | Nîmes - Toulouse |
303 km | Flakke etappe | FRA Emile Georget | |
24 July | 9e | Toulouse - Bayonne |
299 km | Flakke etappe | FRA Lucien Petit-Breton | |
26 July | 10e | Bayonne - Bordeaux |
269 km | Flakke etappe | FRA Gustave Garrigou | FRA Lucien Petit-Breton |
28 July | 11e | Bordeaux - Nantes |
391 km | Flakke etappe | FRA Lucien Petit-Breton | |
30 July | 12e | Nantes - Brest |
321 km | Flakke etappe | FRA Gustave Garrigou | |
1 Augustus | 13e | Brest - Caen |
415 km | Flakke etappe | FRA Emile Georget | |
4 Augustus | 14e | Caen - Parys (Parc des Princes) |
251 km | Flakke etappe| | FRA Georges Passerieu | |
Datum | Etappe | Start – Finish |
Ofstân (yn km) |
Type | Winner | Klassemintslieder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Omgong fan Frankryk |
---|
Giele trui · Griene trui · Boltsjestrui · Wite trui · Giel rêchnûmer · Read rêchnûmer |
Fryske dielnimmers · froulju |
Ferneamde bergen · Souvenir Henri Desgrange · Souvenir Jacques Goddet |
1903 · 1904 · 1905 · 1906 · 1907 · 1908 · 1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025 |
· · |