Omgong fan Frankryk foar froulju

De Omgong fan Frankryk (Frânsk: Tour de France Femmes) is in hurdfytswedstriid fan meardere dagen foar froulju yn Frankryk. Tusken 1984 en 2009 wiene der ferskate wedstriden dy 't sjoen waarden as de Omgong fan Frankryk foar froulju. Fan 2014 oant en mei 2021 waard ûnder de Omgong fan Frankryk foar manlju in wedstriid fan ien dei foar froulju (La Course) organisearre troch de ASO. Fan 2022 ôf is der wer in etappekoers fan mear dagen.

Tour de France Femmes
holden yn Frankryk
data july
sport hurdfytsen
organisator Amaury Sport Organisation
earste edysje 1984
edysjes
foarrige edysje Omgong fan Frankryk foar froulju 2023
folgjende edysje Omgong fan Frankryk foar froulju 2024
Temaside  Sport

Skiednis bewurkje seksje

Yn 1955 waard foar ien kear in Omgong fan Frankryk foar froulju ferriden, dêr 't 41 fytsters oan meidiene. De wedstriid bestie út fiif etappen en waard wûn troch Millie Robinson.

Tour de France féminin & Tour de la CEE féminin bewurkje seksje

Fan 1984 oant en mei 1989 waard de wedstriid ûnder de namme Tour de France féminin hâlden, op deselde dagen en oer itselde parkoers as de manlju. Direkteur Jean-Marie Leblanc besleat nei de wedstriid fan 1989 op te hâlden om't it neffens him ekonomysk net rendabel wie. De wedstriid waard fan 1990 ôf net mear gelyk mei de manlju ferriden en hjitte oant en mei 1993 Tour de la CEE féminin. Dêrnei hold de wedstriid op, om't der problemen wiene mei it oanlûken fan sponsoaren en gaststêden, wêrtroch't der faak lange ferpleatsingen wiene tusken de etappen.

La Grande Boucle féminine bewurkje seksje

Tagelyk waard fan 1992 ôf de Tour cycliste féminin yn augustus organisearre troch Pierre Boué], in konkurrint fan Société du Tour de France. Yn 1998 moast de wedstriid fan namme feroarje, omdat de namme tefolle like op de Omgong fan Frankryk en hjitte fan doe ôf La Grande Boucle féminine (nei La Grande Boucle, de bynamme fan de Omgong fan Frankryk). Mei troch de Festina-affêre by de manlju yn de Tour fan 1998 waard it oanlûken fan sponsors allinnich mar dreger. Yn 2004 waard de wedstriid net hâlden. Foarhinne telde de omgong tusken de 10 en 15 etappes, mar sûnt 2005 noch mar fiif (yn ien regio) en dêrtroch waard de Omgong net mear klassifisearre troch de UCI en krige it in benammen nasjonaal dielnimmersfjild. Yn 2008 telde de wedstriid sân etappes op seis dagen en yn 2009 bestie de lêste edysje noch út mar fjouwer etappes troch it annulearjen fan de earste trije etappes yn Bretagne. De winneres fan de lêste edysje, Emma Pooley, grapte dat it noch mar in Petite Boucle wie yn stee fan in Grande Boucle. Nei't de Tour de l'Aude in 2010 en de Route de France yn 2016 ophold te bestean, wie de Giro Donne de iennige oerbleaune Grutte Omgong foar froulju.

La Course bewurkje seksje

Nei in petysje fan Marianne Vos, Emma Pooley, Kathryn Bertine en Chrissie Wellington waard der op 27 july 2014, de lêste dei fan de Omgong fan Frankryk foar manlju, in wedstriid fan ien dei mei de namme Omgong fan Frankryk foar froulju yntrodusearre. Vos wûn de earste edysje. De earste trije jier waard riden op de Champs Élysées yn Parys. Yn 2017 en 2018 wie de wedstriid yn de Alpen, mei oankomst op respektyflik de Col d'Izoard en Le Grand-Bornand. Beide edysjes waarden wûn troch Annemiek van Vleuten. Yn 2019 wie Pau de gast stêd mei wer Vos as winneres. De lêste twa edysjes waarden ferriden by de start fan de Tour yn Nice en Bretagne. De lêste edysje yn 2021 waard wûn troch Demi Vollering.

Tour de France Femmes bewurkje seksje

Op 12 maaie 2021 makke de ASO bekend dat der yn 2022 wer in Omgong fan Frankryk foar froulju wêze sil mei de namme Tour de France Femmes 2022. It definitive parkoers waard yn oktober 2021 bekend makke: de omgong sil acht dagen duorje, mei de start op de lêste dei foar de manlju op 24 july yn Parys en de slotrit finisht op La Planche des Belles Filles.

Winners bewurkje seksje

Winners Tour de France féminin 1984-1989 bewurkje seksje

Jier Winner Nasjonaliteit
1984 Marianne Martin   Amerikaansk
1985 Maria Canins   Italjaansk
1986 Maria Canins   Italjaansk
1987 Jeannie Longo   Frânsk
1988 Jeannie Longo   Frânsk
1989 Jeannie Longo   Frânsk

Winners Tour de la CEE féminin 1990-1993 bewurkje seksje

Jier Winner Nasjonaliteit
1990 Catherine Marsal   Frânsk
1991 Astrid Schop   Nederlânsk
1992 Leontien van Moorsel   Nederlânsk
1993 Heidi Van De Vijver   Belgysk

Winners Tour cycliste féminin 1992-1997 bewurkje seksje

Jier Winner Nasjonaliteit Ploech
1992 Leontien van Moorsel   Nederlânsk
1993 Leontien van Moorsel   Nederlânsk
1994 Valentina Polkhanova   Russysk
1995 Fabiana Luperini   Italjaansk GS Gelati Sanson
1996 Fabiana Luperini   Italjaansk GS Gelati Sanson
1997 Fabiana Luperini   Italjaansk GS Gelati Sanson

Winners La Grande Boucle féminine 1998-2009 bewurkje seksje

Jier Winner Nasjonaliteit Ploech
1998 Edita Pučinskaitė   Litousk
1999 Diana Žiliūtė   Litousk Acca Due O
2000 Joane Somarriba   Spaansk Alfa Lum-RSM
2001 Joane Somarriba   Spaansk Alfa Lum-RSM
2002 Zinaida Stahurskaya   Wyt-Russysk USC Chirio Forno d'Asolo
2003 Joane Somarriba   Spaansk Bizkaia-Panda Software-Durango
1994 Omgong net organisearre
2005 Priska Doppmann   Switsersk Univega
2006 Nicole Cooke   Britsk Univega
2007 Nicole Cooke   Britsk Raleigh-Lifeforce
2008 Christiane Soeder   Eastenryksk Cervélo Testteam
2009 Emma Pooley   Britsk Cervélo Testteam

Winners La Course 2014-2021 bewurkje seksje

Jier Winner Nasjonaliteit Ploech
2014 Marianne Vos   Nederlânsk Rabo Liv Women
2015 Anna van der Breggen   Nederlânsk Rabo Liv Women
2016 Chloe Hosking   Australysk Wiggle High5
2017 Annemiek van Vleuten   Nederlânsk Orica-Scott
2018 Annemiek van Vleuten   Nederlânsk Mitchelton-Scott
2019 Marianne Vos   Nederlânsk CCC-Liv
2020 Elizabeth Deignan   Britsk Trek-Segafredo
2021 Demi Vollering   Nederlânsk SD Worx

Winners Tour de France Femmes bewurkje seksje

Jier Winner Nasjonaliteit Ploech
2022 Annemiek van Vleuten   Nederlânsk Movistar
2023 Demi Vollering   Nederlânsk SD Worx

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Omgong fan Frankryk foar froulju
La Course
2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021
Tour de France Femmes
2022 · 2023 · 2024
Winners Tour de France féminin · Winners Tour de la CEE féminin · Winners Tour cycliste féminin · Winners La Grande Boucle féminine
  manlju
wizigje