Lieuwe Westra (Mûnein, 11 septimber 1982 - Zwaagdijk, 14 jannewaris 2023[1]) wie in Fryske hurdfytser. Hy fytste sûnt 2014 foar Astana.

Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Lieuwe Westra
sporter
persoanlike bysûnderheden
bynamme It Beest
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 11 septimber 1982
berteplak Mûnein
stjerdatum 14 jannewaris 2023
stjerplak Zwaagdijk
etnisiteit Frysk
lingte 1.85 m
gewicht 74 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Tiidriden
O.S. Londen 2012
debút 2006
karriêre-ein 2017
offisjele webside
Webstee fan Lieuwe Westra
Dizze side giet oer de hurdfytser. Foar de predikant en oersetter, sjoch: Liuwe H. Westra.

Lieuwe Westra jilde by de jeugd as in grut talint, nei problemen yn syn pubertiid mei feesten, drank en drugs, tekene er yn 2006 syn earste kontrakt as professional by KrolStonE, oan it ein fan it seizoen 2008 tekene er by Vacansoleil-DCM dêr't er oant 2014 foar fytse soe.

Westra hie de namme fan oanfallend koerser yn it peleton en wie foaral goed yn it tiidriden. Yn 2009 die er foar it earst mei oan in grutte omgong, de omgong fan Spanje. Dêr wist er in yn de lêste lange tiidrit as 10de te einigjen. Ek waard er yn de twadde rit útroppen ta de striidberste hurdfytser yn it peleton. Yn 2010 wûn er brûns by it Nederlânske Kampioenskip tiidriden.

Seizoen 2011 begûn hiel goed foar Westra. Yn de tiidrit fan de Omgong fan de Algarve waard er tredde yn it einklassemint. Hy wist sels de Frânske klassiker Classic Loire-Atlantique te winnen. De Trijedeiske fan De Panne is ien fan de hichtepunten fan 2011, mei in twadde plak yn de earste etappe en de liederstrui nei rit twa. By it wrâldkampioenskip yn Kopenhagen waard Westra 8ste by it ûnderdiel tiidriden.

Seizoen 2012 begûn ek goed foar Westra; hy wûn yn de etappekoers Parys-Nice de 5e etappe, en waard twadde yn it einklassemint. Ein maaie waard bekend dat Westra him pleatst hie foar de Olympyske Simmerspullen yn Londen [2]. By de Omgong fan Frankryk is Westra inkele kearen fallen wêrtroch't er de omgong net út fytst hat. Op de Olympyske Simmerspullen waard Westra yn de dykwedstriid 95ste en yn de Olympyske Tiidrit waard er 11de. Nei de Spullen waard Westra de Winner fan de Omgong fan Denemark

Yn 2013, waard Westra 8ste yn it ein klassemint fan Parys-Nice, fyfde yn de Trijedeiske fan De Panne en wûn Westra de earste etappe yn de omgong fan Kalifornje. Under de Omgong fan Frankryk waard Westra siik en moast der yn de lêste etappe ôfstappe. Yn Augustus 2013 waard bekend dat Lieuwe foar it seizoen 2014 tekene hat by Astana.[3] By Astana gie er oan de slach as mastersfeint foar de Italjaanske hurdfytser Vincenzo Nibali en mocht er yn lytsere koersen foar eigen kânsen gean. Yn 2014 wist Westra de lêste etappe yn de Omgong fan Kataloanje te winnen, en yn de Omgong fan Frankryk wie er nei de fiifde etappe ien dei de drager fan it reade rêchnûmer foar de striidberste hurdfytser.

Karriêre ein

bewurkje seksje

Ein maart 2016 wist Westra nei in lytse twa jier sûnder oerwinningen, yn de Driedaagse fan De Panne-Koksijde it einklassemint te winnen troch yn de ôfslutende tiidrit de Noar Alexander Kristoff út de liederstrui te riden. Hy tekene yn novimber 2016 noch in kontrakt by Wanty-Groupe Gobert,[4] mar makke yn jannewaris 2017 it beslút om fuortdaliks op te hâlden mei hurdfytsen fanwegen depresjes. Syn lêste meters as profesjoneel hurdfytser ryd er yn de Trynwâlden.[5][6]

Priveelibben

bewurkje seksje

Lieuwe Westra wie hikke en tein yn Mûnein, syn âldere broer Jan-Hendrik wie ek hurdfytser. Nei syn karriêre boaske Lieuwe mei in Australyske frou ferhuze mei har earst nei Austraalje[7] en letter nei Spanje dêr't er sûnt 2019 fakânsje-apparteminten ferhierde.[8]. Nei't syn houlik op 'e non rûn, kaam Westra, werom nei Nederlân, en wurke yn Noard-Hollân as monteur, en brocht syn dagen troch mei drank en drugs.[9]. Lieuwe Westra ferstoar op 14 jannewaris 2023, yn 'e âldens fan 40 jier, oan de gefolgen fan in drugsferslaving.[10]

Wichtichste oerwinnings

bewurkje seksje
 
Lieuwe Westra tidens de tiidrit op de Olympyske Simmerspullen 2012 yn Londen
  • 2e etappe yn de OZ Wielerwykein (2007)
  • 2e etappe Omgong Alsace (2008)
  • Arno Wallaard Memorial (2009)
  • 1e etappe yn Omgong fan Pikardje (2009)
  • Einklassemint Omgong fan Pikardje (2009)
  • Loire-Atlantique (2011)
  • Proloog Omgong fan Belgje (2011)
  • 5e etappe Parys-Nice (2012)
  • Einklassemint Omgong fan Denemark (2012)
  • Earste etappe yn de omgong fan Kalifornje (2013)
  • Sande etappe yn de omgong fan Kataloanje (2014)
  • Driedaagse fan De Panne-Koksijde (2016)

Dielname oan grutte omgongen

bewurkje seksje

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

bewurkje seksje

Dielname oan de Omgong fan Spanje

bewurkje seksje
  • 2009 - 87ste
  • 2013 - net finisht
  • 2006 - 2008, KrolStonE Continental Team
  • 2009 - 2014, Vacansoleil-DCM
  • 2014 - 2016 Astana

Autobiografy

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: