Robbie McEwen
Robert (Robbie) McEwen (Brisbane, 24 juny 1972) is in earder Australysk hurdfytser; hy wûn trije kear it punteklassemint yn de Omgong fan Frankryk.
Robbie McEwen | ||
sporter | ||
Robbie McEwen (2012) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Robert McEwen | |
bynamme | Pocket Rocket | |
nasjonaliteit | Australysk | |
bertedatum | 24 juny 1972 | |
berteplak | Brisbane | |
lingte | 1.71 m | |
gewicht | 70 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
O.S. | Atlanta 1996, Sydney 2000, Atene 2004 | |
debút | 1996 | |
karriêre-ein | 2012 | |
wichtige prestaasjes | ||
Skeldepriis 2002 Dwers troch Flaanderen 2003 1x sulver Wrâldkampioenskippen 2002 |
Karriêre
bewurkje seksjeDe sprinter McEwen waard prof yn 1996 by de Nederlânske Rabobank-ploech en wûn yn 1999 de slotetappe fan de Omgong fan Frankryk. Yn de jierren dêrnei die er goede saken yn dyselde Omgong fan Frankryk, yn 2002 wûn er de griene trui en twa etappen. Letter dat jier waard er twadde by it wrâldkampioenskip. Yn 2004 wûn er op 'e nij twa etappen yn Frankryk en de griene trui. Yn 2005 en 2006 wûn er trije etappen yn de Tour. Yn 2006 naam er ek wer de griene trui fan it punteklassemint mei nei hûs. Hy die 12 kear mei oan de Omgong fan Frankryk en helle alve kear Parys. Yn 2007 moast er opjaan nei't er mear as 30 minuten bûten tiid oankaam ta gefolch fan in fal.
McEwen hat ek suksesfol west yn de Omgong fan Itaalje, dêr't er krekt as yn de Omgong fan Frankryk tolve etappes wûn hie. Yn Itaalje helle er lykwols nea de einstreek fan de Omgong. Fierder wûn er etappes yn de Omgong fan Switserlân (3), de Tour Down Under (10) en Parys-Nice (2). Ek waard er trije kear Australysk kampioen (1995, 2002 en 2005) en wûn er de Skeldepriis (2002 ), en Dwers troch Flaanderen (2003). McEwen die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1996, 2000 en 2004).
Yn 2012 besleat de súksesfolle sprinter op te hâlden mei hurdfytsen op heech nivo en waard er ploechlieder by it Australyske Orica-GreenEDGE, de ploech dêr 't er it lêst foar fytst hie.
Dielname oan grutte omgongen
bewurkje seksjeDielname oan de Omgong fan Frankryk
bewurkje seksje- 1997 - 117e;
- 1998 - 89e;
- 1999 - 122e; winner 20ste etappe
- 2000 - 113e;
- 2002 - 130ste; winner 3e en de 20ste etappe
- 2003 - 143ste;
- 2004 - 122ste; winner 2e en de 9e etappe
- 2005 - 134ste winner 5e, 7e en de 13e etappe
- 2006 - 115e; winner 2e, 4e en de 6e etappe
- 2007 - net finisht; winner 1e etappe
- 2008 - 122ste;
- 2010 - 164ste;
Dielname oan de Omgong fan Spanje
bewurkje seksjeDielname oan de Omgong fan Itaalje
bewurkje seksje- 2000 - net finisht;
- 2002 - net finisht; winner 4e en de 10e etappe
- 2003 - net finisht; winner 4e en de 11e etappe
- 2004 - net finisht; winner 5e etappe
- 2005 - net finisht; winner 2e, 6e en de 10e etappe
- 2006 - net finisht; winner 1e, 3e en de 5e etappe
- 2007 - net finisht; winner 2e etappe
- 2008 - net finisht;
- 2010 - net finisht;
- 2011 - net finisht;
Ploegen
bewurkje seksje- 1996–1999 - Rabobank
- 2000-2001 - Farm Frites
- 2002-2008 - Lotto
- 2009-2010 - Katjoesja
- 2011 - RadioShack
- 2012 - Orica-GreenEdge
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|