Erik Zabel (Berlyn, 7 july 1970) is in earder Dútsk hurdfytser, hy wûn seis kear it punteklassemint yn de Omgong fan Frankryk, en trije kear it punteklassemint yn de Omgong fan Spanje.

Erik Zabel
sporter
Erik Zabel (2005)
Erik Zabel (2005)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Erik Zabel
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 7 july 1970
berteplak Berlyn
lingte 1.78 m
gewicht 69 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
Baanhurdfytsen
O.S. Barcelona 1992,
Atlanta 1996,
Sydney 2000,
Atene 2004
debút 1991
karriêre-ein 2008
wichtige prestaasjes
Milaan-San Remo 1997-1998, 2000-2001
Amstel Gold Race 2000
2x sulver Wrâldkampioenskippen 2004, 2006
1x brûns Wrâldkampioenskippen 2002

De spesjaliteit fan Erik Zabel wie de massasprint, mar hy stie bekend as ien fan de pear hurdfytsers fan syn generaasje dy't it hiele seizoen troch op heech nivo prestearren. Winterdeis bleau er fytsen op de baan. Hy wie fjouwer kear de bêste yn Milaan-San Remo; 1997, 1998, 2000, 2001. Yn 2000 wûn er de Amstel Gold Race. Parys-Tours, de neijiersklassiker dy't yn de aginda fan sprinters omsirkele stiet, skreau Zabel trije kear op syn namme. Yn totaal behelle er yn syn karriêre 213 oerwinningen en in pak mear poadiumplakken. Hy naam fan 1996 oant en mei 2001 seis kear de griene trui fan de Omgong fan Frankryk mei nei hûs in rekôr dat stean bleau oant 2019 doe't de Slowaak Peter Sagan foar de sânde kear it punteklassemint wûn.

Zabel die fjouwer kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1992, 1996, 2000 en 2004).

Yn 2008 besleat de súksesfolle sprinter op te hâlden mei hurdfytsen op heech nivo.

Dielname oan grutte omgongen

bewurkje seksje

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

bewurkje seksje
  • 1994 - net finisht;
  • 1995 - 90ste; winner 6e en de 17e etappe
  • 1996 -   82e; winner 3e en de 10e etappe
  • 1997 -   66e; winner 3e, 7e en de 8ste etappe
  • 1998 -   62ste;
  • 1999 -   89ste;
  • 2000 -   61ste; winner 20ste etappe
  • 2001 -   96ste; winner 1e, 3e en de 19e etappe
  • 2002 - 82ste; winner 6e etappe
  • 2003 - 107ste;
  • 2004 - 59ste;
  • 2006 - 86ste;
  • 2007 - 79ste;
  • 2008 - 43ste;

Dielname oan de Omgong fan Spanje

bewurkje seksje
  • 2001 - 86e; winner 2e, 3e en de 4e etappe
  • 2002 -   69e;
  • 2003 -   72ste; winner 10e en de 11e etappe
  • 2004 -   43ste;
  • 2005 - 62ste;
  • 2006 - 62ste; winner 4e en de 21ste etappe
  • 2007 - 73ste; winner 7e etappe
  • 2008 - 49ste;

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

bewurkje seksje
  • 1991 - Die Continentale
  • 1992 - Union Fröndenberg
  • 1993-2003 - Telekom
  • 2004-2005 - T-Mobile Team
  • 2006-2008 - Milram

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE