De Champs-Élysées (folút Avenue des Champs-Élysées) is de meast djoere en breedste strjitte fan Parys, dy't ferneamd is nei de Elysyske Fjilden (letterlik: "Leane fan de Elysyske Fjilden"). Troch de bioskopen, kafees en winkels is it ien fan de ferneamdste strjitten fan de wrâld. Mei in hier fan trochstrings mear as €900.000,- per jier per 100m² is it ek noch ien fan de djoerste strjitten fan de wrâld. De namme is ôfkomstich út de Grykske mytology, wêryn de Elyseeske fjilden it ferbliuwplak is fan de gelokkigen.

De Champs-Élysées yn de simmer

De Champs-Élysées stiet bekend as de moaiste strjitte fan de wrâld. It lûkt dan ek in soad rike en ferneamde minsken oan. De komst fan ynternasjonale winkels lykas McDonalds en Starbucks soarge foar in feroaring yn it oansjen fan de strjitte. De gemeente hat besletten om dizze banalisearring tsjin te gean. Sa hat de gemeente de Sweedske winkel H&M ferbean om in filiaal te iepenjen yn de strjitte.

De Champs-Elysées wie earst in leane mei fjilden en merkepleinen. Oant yn 1616 Maria de Medici der de lange tún fan de Tuilerieën út te wreidzjen. In iuw letter yn 1716 is op de kaart fan Parys noch hieltyd sichtber dat de strjitte noch net ien lang gehiel is. Yn 1724 waard it ien gehiel en waard de strjitte ferlingd.

Oan 'e ein fan de 18e iuw wie de Champs-Elysées in populêre strjitte. De beammen wienen sa dik wurden dat der rjochthoekige gersfjilden kamen. De tunen fan de huzen lâns de Fauborg St honore, fergroeiden mei de beplanting lâns de Champs-Elysées. De grutste fan dizze huzen wie it Elysée, in heale sirkel fan huzen dy’t no de noardside fan de rotonde om de Place de la Concorde foarmet. Keninginnen Marie Antoinette folge muzyklessen yn it grutte Hotel de Crillon oan it plein. De Champs-Elysées waard eigendom fan de stêd yn 1828. Dêrnei waarden der stoepen, fonteinen en gaslantearns oanlein. Troch de jierren hinne is de strjitte ferskillende kearen ferboud. De lêste kear wie yn 1994, doe binne de stoepen breder makke.

 
De befrijing fan Parys troch de Amerikanen yn 1944

De Champs-Elysées hat faak it toaniel west fan grutte militêre paraden lykas de yntocht fan de Dútsers nei de slach om Frankryk op 14 juny 1940. Mar ek de yntocht fan de Amerikanen nei de befrijing fan Parys op 25 augustus 1944.

  • Elts jier op Quatorze Juillet komt de grutste militêre parade fan Jeropa oer de Champs-Élysées, ûnder tafersjoch fan de presidint fan Frankryk.
  • Fan ein novimber oant ein desimber wurdt de strjitte fersierd mei feestferljochting.
  • De Champs-Élysées is sûnt 1975 it einpunt fan de lêste etappe fan de Omgong fan Frankryk.
  • Mar ek barre der spontane gearkomsten lykas yn de âldjiersnacht, mar ek de winst fan it Frânske fuotbal alvetal.