Gerrie Knetemann, ek De Kneet (Amsterdam, 6 maart 1951 - Bergen, 2 novimber 2004), wie berops hurdfytser fan 1974 - 1989 en ien fan de grutste Nederlânske hurdfytsers yn de gouden generaasje. Hy wie in treflik tiidritspesjalist. Gerrie Kneteman wie de heit fan earder hurdfytster Roxane Knetemann.

Gerrie Knetemann
sporter
Gerrie Kneteman (1977)
Gerrie Kneteman (1977)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerrie Knetemann
bynamme De Kneet
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 6 maart 1951
berteplak Amsterdam
stjerdatum 2 novimber 2004
stjerplak Bergen
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 1971
karriêre-ein 1989
wichtige prestaasjes
Amstel Gold Race (1974, 1985),
Wrâldkampioenskip (1978),
Parys-Nice (1978),
Driedaagse van De Panne (1982)

De Kneet tekene yn 1974 in kontrakt by de Frânske ploech Mercier. Ien jier letter gie er oer nei de Nederlânske Raleigh-ploech fan Peter Post, dêr't oant de grutte breuk fan dizze ploech yn 1983 bleau. Dêrnei hat hy noch riden foar Euro-Decor, Skill en PDM. Foardat Knetemann beropshurdfytser wie, wurke er as strjitmakker. Kenmerkend foar him wie syn trochsettingsfermogen. Dizze karaktereigenskip kaam foaral nei foaren doe't hy op 24 maart 1983 in slim ûngemak meimakke yn de Belgyske semi-klassiker 'Dwars door België'. Nei in perioade fan refalidaasje kaam hy tige sterk werom en wûn yn 1985 syn twadde Amstel Gold Race, 11 jier nei syn earste oerwinning.

Mei 129 oerwinnings yn syn 17-jierrich bestean as beropshurdfytser, is Knetemann ien fan de grutste Nederlânske hurdfytsers. Moaie oerwinningen wiene û.o. de wrâldtitel op Nürnburgring yn Dútslân yn 1978. Hy wûn doe fan de Italjaan Franseco Moser yn de sprint. Yn datselde jier wûn er Parys-Nice troch Joop Zoetemelk en Bernard Hinault te ferslaan, fenomenen yn dy tiid. Hy hat 4 kear de Omgong fan Nederlân op syn namme skreaun, starte 13 kear yn de Omgong fan Frankryk. Yn dizze omgong hat er mei Joop Zoetemelk en Jan Raas de measte etappe-oerwinnings op syn namme brocht; 10 kear kaam er as earste oer de einstreek. Ek yn 1979 wûn er in etappe (fan Saint Priest nei Dijon), mar dy waard him ôfnommen mei't er efter in auto oan riden hawwe soe. Hy hat 8 kear it giele shirt yn dizze omgong droegen. Yn de omgong fan Frankryk fan 1980 wie hy ien fan de ploechgenoaten fan Joop Zoetemelk dy't doe de einoerwinning behelle.

Knetemann stie al yn syn perioade as beropshurdfytser bekend om syn útspraken en ferhalen. Hy waard letter dan ek faak frege foar radio- en tillefyzjeprogramma's. Dêrneist hie er 5 pankoekrestaurants en wie er bûnscoach fan de KNWU (Koninklijke Nederlandse Wieler Unie). Ek joech hie fytsklinniks. By ien fan dy tochten kaam hy op 2 novimber 2004 te ferstjerren oan in longemboly. De útfeartsearemoanje op de fytsbaan fan Alkmaar wie mei mear as 2200 lju tige drok besocht, wat syn populariteit oant syn dea ta goed oanjoech.

Dielnimming oan grutte omgongen

bewurkje seksje

Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk

bewurkje seksje
  • 1974 - 38e;
  • 1975 - 63e; winner 12e etappe.
  • 1976 - Net finisht;
  • 1977 - 31e; winner 19e en de 21ste etappe.
  • 1978 - 43e; winner 18e en de 22ste etappe.
  • 1979 - 30e; winner 1e en de 22ste etappe.
  • 1980 - 38e; winner 12e etappe.
  • 1981 - 55e;
  • 1982 - 47e; winner 4e en de 11e etappe.
  • 1984 - 103e;
  • 1986 - 84e;
  • 1987 - 89e;
  • 1988 - Net finisht

Dielnimming oan de Omgong fan Spanje

bewurkje seksje
  • 1976 - Net finisht
  • 1986 - 59e

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje

bewurkje seksje
  • 1985 - 94e
  • 1974-1975 - Gan-Mercier-Hutchinson
  • 1976-1983 - TI-Raleigh
  • 1984 - Europ Decor-Boule d'Or
  • 1985 - Skil-Sem-Kas-Miko
  • 1986-1989 - PDM
  • Jean Nelissen - De 100 beste Nederlandse wielrenners aller tijden; Amsterdam/Antwerpen 1999.
  • Mart Smeets - De Tour fan '80; Nieuw Amsterdam 2005.
  • Mart Smeets - 100 mannen; Amsterdam/Antwerpen 2003.