Jean Nelissen
Jean Nelissen (Geleen, 2 juny 1936 - Maastricht, 1 septimber 2010) wie in Nederlânske sportsjoernalist.
Hy wie jierrenlang sjef sport bij deiblêd De Limburger mar waard benammen bekend as hurdfytsferslachjouwer by Studio Sport. De Neel, sa't syn kollega Mart Smeets hem steefêst oantsjutte, is ien fan de bekendste fytskommentators en -ferslachjouwers fan Nederlân. Hy is ferneamd om syn ensylopedyske kennis fan de hurdfytsskiednis.
Nelissen skreau 23 boeken, wêrûnder De bijbel van de Tour de France, wêryn't ek alle útslaggen út Tourskiednis opnomd binne. Oan en mei 2007 ferskynde hy noch op telefyzje as ûnderdiel fan it programma De Avondetappe. Hy skreau kollumns foar deiblêd De Limburger en artikels foar it moanneblêd Wieler Revue.
Nelissen betocht ek de bekende hurdfytsútdrukking: reglementêr út it tsjil ride.
Jean Nelissen ferstoar nei in lang siikbêd op 74-jierrige leeftiid yn Maastricht.
Wurk (kar út)
bewurkje seksje- Het intrigerende wielerleven van Jan Nelissen. Autobiografy. 2010.
- De 100 beste wielrenners van de wereld, 2000.
- Doping. Het duivelse spel met leven en gezondheid, 2002.