Laurent Jalabert
Laurent Jalabert (Mazamet, 30 novimber 1968) is in earder Frânsk hurdfytser. Jalabert behelle 138 seges, wêrûnder twa kear de Waalse Pijl. De twa "hurdfyts monumenten" Milaan-San Remo en de Omgong fan Lombardije wûn hy elk ien kear. Hy wie gjin útsprútsen spesjalist en naam sawol de griene trui as de boltsjestrui fan de Omgong fan Frankryk mei nei hûs. Yn 1995 wûn Jalabert de Omgong fan Spanje en yn 1997 waard er wrâldkampioen tiidriden.
Laurent Jalabert | ||
sporter | ||
Laurent Jalabert (1993) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Laurent Jalabert | |
bynamme | JaJa | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
bertedatum | 30 novimber 1968 | |
berteplak | Mazamet | |
lingte | 1.76 m | |
gewicht | 66 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
O.S. | Atlanta 1996, Sydney 2000 | |
debút | 1989 | |
karriêre-ein | 2002 | |
wichtige prestaasjes | ||
Omgong fan Spanje 1995 Milaan-San Remo 1995 Waalske Pylk 1995, 1997 Omgong fan Lombarije 1997 Clásica San Sebastián 1997, 1998 1x goud Wrâldkampioenskippen 1997 |
Laurent Jalabert is de âldere broer fan earder hurdfytser Nicolas Jalabert.
Karriêre
bewurkje seksjeJalabert, wie net allinnich in klimmer, mar ek in poerbêste sprinter. Benammen yn it begjin fan syn karriêre (by de Spaanske hurdfytsploech Once) koe er goed mei sprinters lykas Wilfried Nelissen, Djamolidin Abdoezjaparov, Olaf Ludwig en Johan Museeuw. Yn 1992 en 1995 wûn er de griene trui (punteklassemint) yn de Omgong fan Frankryk.
De earelist fan Jalabert is lang en ferskaat. Jalabert behelle oerwinningen yn klassikers lykas Milaan-San Remo en de Waalske Pylk, mar ferovere ek it einklassemint fan de Omgong fan Spanje yn 1995. Ek behelle er de wrâldtitel tiidriden yn 1997.
Yn de rin fan de jierren lei er him mear ta op it klimmen. By de Deenske hurdfytsploech CSC krige hy dêr alle kâns ta. Yn 2001 en 2002 wûn hy de bolletsjestrui (Boltsjestrui) yn de Omgong fan Frankryk. Yn 2002 wûn er ek syn lêste klassiker: de Clásica San Sebastián. Nei 2002 sette Jalabert in punt efter syn karriêre.
Nei it hurdfytsen
bewurkje seksjeNei syn karriêre waard Jalabert aktyf as kommentator by wedstriden foar de Frânske telefyzje en fan 2009 oant 2012 wied er bûnscoach fan it Frânske hurdfytsen, die er mei oan triatlons en maratons. Yn 'e maitiid fan 2013 rekke Jalabert slim ferwûne nei't er op 'e fytst oanriden waard troch in auto.
Dielname oan grutte omgongen
bewurkje seksjeDielname oan de Omgong fan Frankryk
bewurkje seksje- 1991 - 71ste;
- 1992 - 34ste; winner 6e etappe
- 1993 - net finisht;
- 1994 - net finisht;
- 1995 - 4e; winner 12e etappe
- 1996 - net finisht;
- 1997 - 43ste;
- 1998 - net finisht;
- 2000 - 54ste;
- 2001 - 19e; winner 4e en de 7e etappe
- 2002 - 42ste;
Dielname oan de Omgong fan Spanje
bewurkje seksje- 1990 - 70ste;
- 1993 - 35ste; winner 2e en de 6e etappe
- 1994 - 74ste; winner 1e, 2e, 4e, 11e, 12e, 15e en de 20ste etappe
- 1995 - 1ste; winner 3e, 5e, 8ste, 15e en de 17e etappe
- 1996 - 19e; Winner 3e en de 13e etappe
- 1997 - 7e; Winner 6e en de 20ste etappe
- 1998 - 5e;
- 1999 - net finisht;
Dielname oan de Omgong fan Itaalje
bewurkje seksjePloegen
bewurkje seksje- 1989-1991 - Toshiba
- 1992-2000 - ONCE
- 2001-2002 - CSC
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|