Tony Rominger (Vejle, Denemark, 27 maart 1961) is in earder Switsersk hurdfytser en wie trije kear winner fan de Omgong fan Spanje. Dêrneist wûn er ien kear de Omgong fan Itaalje.

Tony Rominger
sporter
Tony Rominger (1993)
Tony Rominger (1993)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tony Rominger
nasjonaliteit Switsersk
bertedatum 27 maart 1961
berteplak Vejle flagge fan Denemark
lingte 175 sm
gewicht 65 kg
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Dykhurdfytsen
debút 1984
karriêre-ein 1997
wichtige prestaasjes
Omgong fan Itaalje (1995) (4x)
Omgong fan Spanje (1992-1994) (3x)

Romiger waard berne yn Vejle, Jutlân, Denemark as soan fan in Switserske heit en in Deenske mem. Hy waard professional yn 1986, op de relatyf hegere jierren fan 25. Syn earste grutte wedstriid wûn er yn 1989, de Omgong fan Lombardije. Rominger, dy't sawol goed berchop as tsjin de klok ride koe, bliek lykwols benammen talint foar etappewedstriden te hawwen. Sa wûn er yn 1991 sawol Parys-Nice as de Omgong fan Romandië, sa't er dat letter yn syn karriêre nochris oerdwaan soe. Yn 1992 wûn Rominger, as earste Switser ea, de Omgong fan Spanje. Hy bemachtige de liederstrui pas by de tiidrit yn de 19e etappe. Dêrnei bleau er tige goed prestearjen yn de Grutte Omgongen. Yn 1993 wûn Rominger, mei mar 29 sekonden foarsprong op syn lângenoat Alex Zülle, nochris de Omgong fan Spanje. Hy bearde ek opsjen troch neist it algemien klassemint ek it berchklassemint en it punteklassemint op syn namme te skriuwen. Sa'n prestaasje wie earder allinnich levere troch Eddy Merckx, dy't yn de Omgong fan Itaalje fan 1968 en de Omgong fan Frankryk fan 1969 ek tagelyk de trije belangrykste klasseminten wûn.

Sân wiken nei syn twadde Vuelta-oerwinning stie Rominger oan de start fan de Omgong fan Frankryk 1993. Hy ried de Tour al yn 1988 en 1990, mar moast in nije dielnimming sûnt dy tiid útstelle fanwegen heakoarts. Rominger wûn yn dy Tour trije etappes (wêrfan ien tiidrit) en waard winner fan de boltsjestrui. Yn it algemien klassemint einige hy op it twadde plak, mei hast fiif minuten efterstân op winner Miguel Indurain.

Yn 1995 waard de Omgong fan Spanje ferpleatst nei septimber en dêrom ried Rominger yn de maitiid de Omgong fan Itaalje, dy hie er yn de tachtiger jierren ek al fjouwer kear riden, en hie dêr doetiids ien etappe yn wûn. Yn de tiidrit yn de twadde etappe, bemachtige er de rôze trui en stie dy yn de hiele Omgong net mear ôf. Njonken it algemien klassemint wûn Rominger ek op oertsjûgjende wize it punteklassemint. Hy wûn yn totaal fjouwer ritten. Yn de Omgong fan Frankryk prestearre Rominger dêrnei minder goed, al einige er mei in achtste plak noch wol yn de top 10 fan it einklassemint.

Yn 1996 kearde Rominger, nei in tsiende plak yn de Omgong fan Frankryk, werom nei de Omgong fan Spanje. Dêryn wûn er beide yndividuele tiidritten. It slagge him lykwols net om in fjirde oerwinning te beheljen: hy einige op it tredde plak, efter syn lângenoaten Alex Zülle en Laurent Dufaux.

Rominger sette yn 1997 in punt efter syn profesjonele karriêre as hurdfytser. Hjoed-de-dei is er kommentator by de telefyzjestjoerder Eurosport en is er belutsen by de organisaasje fan de Omgong fan Switserlân.

Dielnimming oan grutte omgongen

bewurkje seksje

Dielnimming oan de Omgong fan Frankryk

bewurkje seksje

Dielnimming oan de Omgong fan Spanje

bewurkje seksje
  • 1990 - 16e;
  • 1992 -   1e; winner 19e en de 20ste etappe.
  • 1993 -   1e; winner 10e, 13e en de 18e etappe.
  • 1994 -   1e; winner 1e, 5e, 7e, 10e, 13e en de 19e etappe.
  • 1996 - 3e; winner 10e en de 21ste etappe
  • 1997 - 38e;

Dielnimming oan de Omgong fan Itaalje

bewurkje seksje
  • 1986 - 97e;
  • 1987 - net finisht;
  • 1988 - 44e; winner 10e en de 13e etappe
  • 1989 - net finisht;
  • 1995 -   1e; winner 2e, 4e 10e, en de 17e etappe.
  • 1986 - Cilo-Aufina-Gemeaz Cusin
  • 1987 - Supermercati Brianzoli-Château d'Ax
  • 1988-1990 - Chateau d'Ax-Salotti
  • 1991 - Toshiba
  • 1992-1993 - CLAS
  • 1994-1996 - Mapei
  • 1997 - Cofidis

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: