Provinciale Friesche Courant
De Provinciale Friesche Courant wie in eardere Fryske krante út de 19e iuw.
De krante bestie fan 1842 en 1903 en waard útjûn troch L. Schierbeek út Ljouwert. De krante wie it haadorgaan fan de ‘stelselmatige liberalen’ (1842-81). De liberale krante wie radikaler as de Ljouwerter Krante, mar minder radikaal as de Friesche Courant. [1]
Redaksjeleden wiene sûnt 1848 mr. Jan van der Veen, advocaat en prokureur by it Provinsjaal gerjochtshof yn Ljouwert, dûmny A. Winkler Prins en abbekaat mr. A.F. Jongstra. Jongstra wie ûnder oare ek Keamerlid en kantonrjochter op It Hearrenfean. [2] [3][4] Ta de meiwurkers hearde ek Waling Dijkstra[5]
De krante hie in lyts lêzersbestân en gie yn 1903 op yn it 'Advertentieblad voor de provincie Friesland'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|