Anne Frânses Jongstra

Anne Frânses Jongstra (Bakhuzen, 12 april 1808 - Nijehaske, 4 augustus 1871) wie in Nederlânsk politikus.

Jongstra wie in katolike meistanner fan Thorbecke. Hy wie abbekaat op It Hearrenfean en wie redakteur fan it liberale deiblêd de Provinciale Friesche Courant. Tusken 1850 en 1853 wie hy keamerlid. Hy bepleite as Keamerlid de ynfiering fan sjueryrjochtspraak. Jongstra ferlear yn 1853 syn sit yn de Twadde Keamer nei de Aprilbeweging (oer in ensyklyk fan de paus). It slagge him letter net om yn de Keamer werom te kommen. Hy skreau in grut tal brosjueres.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: