Waling Dykstra

(Trochferwiisd fan Waling Dijkstra)

Waling Gerrits Dykstra (14 augustus 1821, Froubuorren - 15 jannewaris 1914, Holwert) wie in Fryske skriuwer en foardrachtskeunstner. Hy stie yn de tradysje fan de Halbertsma's en is benammen bekend fan it Frysk Winterjûnenocht dêr't hy tegearre mei Tsjibbe Gearts van der Meulen it Frysk toaniel in plak joech yn de Fryske mienskip.

Waling Dykstra yn 1871
 
Monumint Waling Dykstra yn Holwert fan Chris Fokma

Waling Dykstra waard berne te Froubuorren as soan fan bakker Gerrit Walings Dykstra en Antje Keimpes Koopmansen soe sels it fak ek leare. Al rillegau kaam hy der efter dat dat syn ropping net wie. Yn 1853 die er de bakkerij oan kant en wurke doe yn in boekwinkel yn Frjentsjer. Yn 1855 troude hy op 'e nij mei Afke (Jans) de Boer, mei wa er âlve bern krige soe. Yn 1861 ferhuze hy nei Holwert, dêr't er in eigen boekwinkel iepene. It measte fertsjinne er lykwols mei de pinne. Hy wie redakteur fan in rige periodiken, dy't er foar it grutste part sels folde û.o. De Bijekoer, de Fryske hûsfreon, de Fryske Nijsboade, Friso, Friesch Volksblad, Sljucht en Rjucht, en As jimme it leije meije.

Op syn bêst wie hy by populêre ferskes en fertellingen. Foar gruttere ferhalen wie syn komposysjekrêft en empaty net sterk genôch. Syn wurk giet net djip, mar it hat wol typearjend fermogen, it waard dan ek drok lêzen. Dêrtroch is syn nasjonale betsjutting grutter as syn letterkundige. Hoe populêr Dykstra wie blykte wol út de namme sa't er neamd waard. Meastal hiet hy Waling-om (=omke). Neist wat hy skreau, hat Dykstra it Fryske folksbewustwêzen ek fersterke mei syn 'Winterjûnenochten', foardrachtsjûnen, yn 'e mande mei Tsjibbe Gearts van der Meulen, Gerben Colmjon, Auke Boonemmer, of ek wol allinnich (sûnt 1860). Mei de Fryske Winterjûnenocht bereizge er 25 jier lang de doarpen yn Fryslân, om sa it Frysk toaniel ûnder de minsken te bringen.

Waling Dijkstra komt út in ortodoks-protestantsk fermiddden. Hysels hie in mear liberale ynstelling. Syn wurk hat faak moralistyske trekjes. Bûten in ûntelber oantal ferskes publisearre hy ek noch in wichtich folkloristysk wurk - Uit Frieslands volksleven (2 dielen, Ljouwert, 1896). Fierders fersoarge hy in populêr witenskiplike útjefte fan de Friesche Rymlerije fan Gysbert Japicx (Frjentsjer 1853) en kaam it benammen troch syn iver en trochsettingsfermogen dat it Friesch Woordenboek (Ljouwert 1911) der komd is.

Krekt foar it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich yn 1914 stoar Dykstra te Holwerd yn de âldens fan 92 jier.

Sukses en krityk

bewurkje seksje

Waling-om wie ien fan de mannen fan de earste oere fan de Fryske beweging.

Syn earste lieterenbondel, út 1848, waard fiif kear werprinte. Fan syn romans waarden benammen de earste twa dielen in protte kearen werprinten.

De foardrachtsjûnen dy't er mei oaren organisearre, de Winterjoenenocht, ûntwikkele him ta in nij sjenre, dat oant nei 1920 beöefene waard.

Diverse troch him opsetten en redigeare blêden en jierboekjes hienen in grut berik, bygelyks Sljucht en Rjucht (sûnt 1897), De Fryske Skoeralmenak, it jierboekje As jimme it leije meije (1899-1910).

Syn wurk oan de Fryske stavering en oan it Frysk Wurdboek hat fan grutte betsjutting west, likefolle as syn folkloristyske wurk. Hy wie de wichtichste samler fan Fryske folksferhalen yn 19e iuw.

Fan kalvinistyske side krige hy in protte krityk fanwege de wize dêr't hy de kristlike huchelderij en skynhillicheid bespotte, benammen by predikanten.

Nei syn dea ûnderfûn syn wurk krityk fan de Jongfriezen fan Douwe Kalma dy't him tekoart oan djipgong ferwiten.

Dykstra's wurk is fan belang omdat hy in protte oaren ta it lêzen fan Frysk boeken brocht hat; hy skreau yn de Fryske omgongtaal. Literêr sjoen wurdt it op heden net mear wurdearre. It jout wol in byld fan it sosjale en morele libben fan it frijsinnige diel fan Fryslân út dy tiid.

Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn!

bewurkje seksje
 
Monumint fan Waling Dykstra yn Ljouwert (makker: Pier Pander (1916)

Ien fan Waling Dijkstra syn gedichten, dat begjint mei de rigel "Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn! is ien fan Fryslâns meast beminde gedichten.

De tekst giet sa:

Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn!
’t Opgeande sintsje laket my oan.
’t Hoantsje kraait kûkelû, ’t douke ropt rûkûkû,
Ik wol ek sjonge fleurich fan toan.


Alles wat libbet docht der nou sines bij,
Fôltsjes en kealtsjes, hynders en kij.
Guoskes dy’t snetterje, skiepkes dy’t bletterje,
Lamkes dy’t springe, nuvere blij.


’t Ljurkje yn’e wolken, d’eintsjes yn’t lizich wiet,
Moskjes en sweltsjes, elts sjongt syn liet.
Earbarren klapperje, ljipkes wjukwapperje,
Skries op’e hikke ropt grito-griet.

In wiidweidige bibliografy stiet yn "Waling Dykstra, syn libben en wurk" (1949)

  • De Fryske Thyl Ulespegel of De wonderlike Libbenskiednis fen Hantsje Pik 1860
  • De Sulveren Rinkelbel - werprinte 1950
    •   Biltske oersetting: De Sulverne Rinkelbel: 'n Wonderlike history út de leste helt fan de achttynde eeuw (1985, fert. Hanne Kúkken)
  • De Fryske Thyl Ulespegel - werprinte 1953
  • Uit Friesland's Volksleven - 1895
  • Friesch Woordenboek - werprinte 1971
  • In dei fan plezier (ferhalen) - werprinte 1971

Oer him en syn wurk

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje