Chris Fokma
Christiaan Willem (Chris) Fokma (It Oranjewâld, 27 maart 1927 - Charaix-Plouguer, 12 desimber 2012) wie in Fryske byldhouwer en keramist.[1]
Fokma folge nei de hbs in jier de oplieding boukunde oan de universiteit yn Delft, mar stapte doe oer nei de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam.[2]. Hy krige les fan Piet Esser.
Neist frijsteande skulptueren, makke Fokma meerdere gevelreliëfs, meastentiids útfierd yn keramyk.[3]
Hy wie neist keunstner ek learaar oan de Fryske keunstnijverheidsskoalle en om 1960 in tal jierren tekenlearaar oan de Ryks-HBS, beide yn Ljouwert. Begûn yn 1965 mei it ûntwikkeljen fan in eigen technyk troch it baarnen fan kleur yn glês yn elektryske ovens by hege temperatuer. Wie oant de opheffing yn 1965 bestjoerslid fan it Bûn fan Fryske Keunstners.
Wurken
bewurkje seksje- sûnder titel, reliëf blom mei flinters (1967)
- monumint yn de Krústsjerke (1967)[4]
- sûnder titel, keramiken gevelfersiering oan mavo (1971)
- Blomkesykjend famke (1964)
- Fisken, Dokter Schoustrastrjitte
- Boarstbyld fan Waling Dijkstra
- Fûgels (1964), fontein oan it Europaplein
- Libbenswille (1965) Cornelis Trooststrjitte
- Boartsjend hûntsje (1966), by 'De Beukeboom' Jelsumerstrjitte
- Hannen (1970)
- Betinkingsmonumint Burmaniahûs (1995)[5]
- Oarlochsmonumint (1968)[6]
- It Skip (1962), keramiken reliëf, eartiids oan de Buttingasingel (wurdt werpleatst)
- Famke mei bal (1962), Buttingasingel
- Bear (1965), Koningin Wilhelminastrjitte
- Klok mei piken (1965), gevelreliëf oan de Napjusstrjitte. Weihelle by sloop.
- reliëf J.L. Hooglandgemaal
- Seinefiskjen (1992), Op 'e Romte (gevel doarpshûs)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chris Fokma fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |