Jeropaplein

strjitte yn Ljouwert
(Trochferwiisd fan Europaplein)

It Jeropaplein is in rotonde yn Ljouwert.

Jeropaplein
bouwurk
Jeropaplein yn 2018
Jeropaplein yn 2018
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
koördinaten 53° 12′ 18" NB, 5° 46′ 34" EL
bysûnderheden
type bouwurk rotonde
boujier 1954

It plein waard oanlein yn de jierren '53 en '54. Om it plein waard de earste werklike heechbou fan Ljouwert boud. De villa Baen's-Ein is dêr slachtoffer fan wurden, fan dat monumintale pân is neat oars mear oer as de namme op de dêr boude flat oan it begjin fan de Biltskestrjitte.

Yn 1958 waard de namme Harnzerplein, dy't it doedestiids hie, ferfongen troch dy fan Jeropaplein. Justjes dêrfoar wie troch de Rie fan Jeropa in berop dien op gemeenten om in strjitte of plein Jeropeesk te neamen.

Dêrom krige it Westerskeldeplein yn de Rivierebuert yn Amsterdam yn itselde jier ek de namme Europaplein.

Yn 2016 en 2017 waard it Jeropaplein folslein op 'e nij ynrjochte.

It Jeropaplein is part fan de Ring Ljouwert.

Keunstwurken

bewurkje seksje

Op it Jeropaplein stiet in fontein dy't troch ir. J.E. Wiersma ûntwurpen waard, mei in keunstwurk (brûnzen fûgel) derop fan byldzjend keunstner Chris Fokma.

De fontein waard skonken troch de Koöperative Suvelbank yn it ramt fan it 50-jierrich bestean fan de bank. De fontein symbolisearret de ferbining fan de bank mei de Fryske maatskippij. Nei in grutskalige renovaasje fan it Jeropaplein, waard de fontein fannijs werompleatst op in ferheging yn it midden fan it plein.