Froubuorren
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | De Waadhoeke | ||||
Ynwennertal (2014) | 718 | ||||
Webstee | Webstee Froubuorren |
Froubuorren (Vrouwenparochie; Biltsk: Froubuurt) is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke, mei likernôch 740 ynwenners.
SkiednisBewurkje
Froubuorren is stifte yn 1505, by de bediking fan it Bilt. It wie doe it eastlike fan de trije doarpen fan it Bilt, en it hiet Kijfhoeck, nei it plakje yn Hollân. Trochdat de doarpen de nammen fan de parochjes dy't der yn stifte wienen oernamen waard it doarp neamd efter Us Leaffrou. Om de Buerstermûne, east fan it doarp, hinne, is yn 'e rin fan 'e tiid de buorskip Buerstermûne groeid. Ek de eardere buorskip Aldebiltsyl, en parten fan Nijebiltsyl en Alde Leie, waarden rekkene ta de himrik fan Froubuorren.
Hefoarme PKN-tsjerke fan Froubuorren
FerbiningsBewurkje
Froubuorren leit oan N393, de Middelwei, dy't nei it westen nei Sint Anne giet, en nei it súdeasten nei Stiens. Fia in opfeart hat Froubuorren ferbining mei de Ouwe Rij en de Súdhoekster Faart, en fierder nei Berltsum en it âldlân.
Op 2 desimber 1902 waard yn Froubuorren in stasjon iepene fan it spoar fan Stiens nei Harns fan de NFLS. It stasjonskoade wie Vrou. It waard sletten op 1 desimber 1940.
MienskipBewurkje
Untwikkeling ynwennertalBewurkje
- 2014 - 718
- 2004 - 620
- 1974 - 792
- 1969 - 747
- 1964 - 817
- 1959 - 940
- 1954 - 947
- 1913 - 2.419
- 1848 - 1.892
TsjerkeBewurkje
- Bordenatsjerke (herfoarme PKN tsjerke)
Berne yn FroubuorrenBewurkje
- Jan Pieters van der Bildt (1709), útfiner
- Gerben van Tuinen (1849), fakbûnslieder
StrjittenBewurkje
't eerste Morn, Atteswei, Brungerstrjitte, Froubuorstermole, Hamerenwei, J.P. van der Bildtstrjitte, Klaine Izakstrjitte, Langhústerwei, Leyester Hegedyk, M Beckstrjitte, Middelwei-East, Ouwe Griepstrjitte, Readpaad, Steertster, Stienzer Hegedyk, Súdhoekstermiddelwei, Tsjerkeplein, Waling Dykstrastrjitte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |