Aldebiltsyl
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | De Waadhoeke | ||||
Ynwennertal (2020) | 940 | ||||
Webstee | Webstee Aldebiltsyl |
Aldebiltsyl (Biltsk: Ouwe-Syl) is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Aldebiltsyl leit noardeastlik fan Froubuorren, noardwestlik fan Alde Leie, eastlik fan Nij Altena en westlik fan Hallum. Yn 2022 hie Aldebiltsyl 940 ynwenners. De doarpskearn fan Aldebiltsyl leit oan beide siden fan de Kaaifeart en oan de Mûntsbiltdyk en Dûmny Schuilingstrjitte.

De buorskip Nijebiltsyl heart ek by Aldebiltsyl. Sûnt 1948 is Aldebiltsyl in selsstannich doarp, dêrfoar hearde it by Froubuorren.
SkiednisBewurkje
De namme komt fan syl = slûs. Hjir begûn yn 1505 de oanlis fan de Aldebiltdyk. Foar de ynpoldering waarden minsken út Súd-Hollân oanlutsen, dêrtroch hat it Bilt in eigen mingtaal: It Biltsk. By de útwetteringsslûs fan de Ouwe Rij nei see waard Ouwesyl stifte. Pas yn 1948 krige de delsetting de status fan doarp. Om 1960 luts in diel fan de befolking fuort troch de lânboumeganisaasje sadat de wurkgelegenheid minder waard. Yn de frijkommende húskes kamen doe forinzen, minsken út de Rânestêd en Dútske toeristen wenjen.
Oan Aldrij, it wetter troch Aldebiltsyl, stie sûnt 1527 it hûs fan de aksynsmaster dat it Keuningshuus neamd waard. It hûs stiet de net mear, mar de wyk hjit noch de Keuningsstreek. Yn 2018 waard yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 yn sân jirpelskuorren oan 'e Aldebiltdyk de tentoanstelling Fruchtbere Grônd holden.
Om Aldebiltsyl wurde in soad jirpels ferboud en eksportearre nei it bûtenlân. Earder stie hjir ek in bûterfabryk.
Sûnt 2018 leit Aldebiltsyl yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente It Bilt.
MienskipBewurkje
Yn it dykdoarp stiet de Aerden Plaats, in kultureel besikerssintrum op it mêd fan It Bilt, mei romte foar wikseleksposysjes en in fêste presintaasje oer de bediking fan It Bilt yn it argeologysk stipepunt. De Julianatsjerke, de eardere minnistyske fermanje fan Aldebiltsyl, makket diel út fan it kompleks. It is in unyk gebou omdat de tsjerke tsjin de dyk oanboud is en al yn 1636 as fermanje brûkt waard. Pas yn 1906 krige it tsjerkje in houten tuorke.
It doarpskafee hjit 't Graauwe Paard.
De bekendste Aldebiltsylster is grif Edwin Rutten (Ome Willem). Dy hat mei syn frou, operasjongster en direkteur fan it Ynternasjonaal Fokalisten Konkoers yn De Bosk, in hûs oan de Aldebiltdyk.
FerieningsBewurkje
- LUNB - it âldste lêsselskip fan Nederlân (Ledige Uren Nuttig Besteed) lêsselskip oprjochte yn 1792. Trije seksjes fan 12 manlike leden: jonge- middelbere- en âlde hearen.
- Muzykferiening Exelcior - oprjochte yn 1894 mei 31 leden (2010)
- Streetdancegroep sûnt 2008.
- Toanielferiening Toi Toi Ouwe-Syl - yn 1973 ûntstien fanút muzykferiening Crescendo (opheft) mei 23 leden (2010)
BandsBewurkje
- Mudbirds
- Feetwarmers
- To Go Lucky
BefolkingBewurkje
Berne yn AldebiltsylBewurkje
- Piet van Vliet (1858), politikus
- Gerrit Keizer (1874), merkeman en ûndernimmer
- Jannie Regnerus (1971), fotograaf, filmer en skriuwster
StrjittenBewurkje
- Aldebiltdyk - De Aldebiltdyk (ek wol Alde Biltdyk en yn de folksmûle neamd Ouwe Dyk) is in yn 1505 oanleine dyk yn de gemeente It Bilt.
- A C Bakkerstrjitte -
- Atteswei -
- Burdinewei - Burdine is in âlde namme foar De Boarn.
- Klaine Kaizer Padsy - ferbynt de Monnikebiltdyk mei de Krelis Annesstrjitte. Nei Gerrit Keizer (*1874) dy't syn lingte fan 96 sintimeter en gewicht fan 20 kilo brûkte om de merken ôf te reizgjen en sa oan de kost te kommen mei syn handikap.
- De Kolk - nei de kolk fan de slûs.
- Ds. Schuilingstrjitte - Op de hoeke stiet de eardere Doperske tsjerke, werkenber oan de julianatoer dêr't no it Bildts kultuurtoeristysk "Informasysintrum", in doarpswinkel en in loazjemint yn sit.
- Ds. Marinus Mooijstrjitte -
- Keuningsstreek - Yn it Keuningshuus wenne eartiids de aksynsmaster dy't de aksyns foar de keizer of kening ynbarre moast. Dat Keuningshuus waard yn 1932 ofbrutsen. Troch de strjitnamme wurdt dúdlik dat Aldebiltsyl eartiids in seehavenplak wie. Oant 1973 wie oan de strjitte de merk. No allinnich noch in bradery dy't om it jier hâlden wurdt.
- Kodyk -
- Kr Annesstrjitte - Cornelis (Krelis) Annes wie timmerbaas yn Aldebiltsyl yn 1717 en bewarre de omkriten foar in oerstreaming.
- Leijsterstreek -
- Monnikebildtdyk -
- Nijebildtdyk -
- Readpaad - Oflaat fan de kleur fan it pún dat foar it ferhurdzjen brûkt waard. Dat pún kaam fan it yn 1919 ôfbrutsen tichelwurk fan de bruorren Watse en Kornelis Bierma. Yn dat tichelwurk waarden reade bakstiennen bakt.
- Tjeerd Thijssenstrjitte - Tjeerd Thijssen Polstra (Hallum, 8 desimber 1783 - Froubuorren, 17 septimber 1843 ) wie earmfâd fan it earmhûs yn Froubuorren. Hy sette him tige yn foar de befeiliging fan de syl yn Aldebiltsyl. By de stoarm fan febrewaris 1825 wie it mei oan Polstra te danken dat de ringmuorre dy't op de Aldebiltdyk by in pleats lâns stie, ôfbrutsen wurde koe en dat de stienen yn sekken kamen. Dêrnei smieten se de sekken yn it wetter, om it wetter fan de slûs te kearen. Letter is Tjeerd Thijssen dan ek tasichthâlder fan "de Syl" wurden.
- Van Albadawei - hjiroan stie tusken 1857-1927 in nôtmûne.
- Van Egmondstrjitte - Generaal Arend fan Egmond, dy't fan greve Albrecht fan Beieren It Amelân as beleanning krige foar syn wurk as generaal.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |