Gerrit Keizer (Aldebiltsyl, 4 maart 1874 - 22 desimber 1946) wie in dwerch en artyst fan Aldebiltsyl. Gerrit Keizer wie de soan fan Johannes en Joukje Keizer, in folle neef en nicht.

Gerrit Keizer

Op syn tredde hâlde er op te groeien en bleau syn libben lang 98 sm heech en ûngefear 20 kilo licht. Hy akseptearre syn handikap en wie meastentiids op 't skik en siet fol streken mei de froulju. Fan seis jier ôf waard er tentoansteld op de merke en reizge mei syn suster en lettere sweager Bos. Hy stie op de poadia fan Milaan, Rome, Londen en Parys en trede op foar de Dútske keizer, de Turkske sultan, de sjah fan Perzje de Kedive fan Egypte. De Ottomaanske sultan hâlde yn dy jierren in komplete groep "Lilliputters" oan syn hof. De Keizer fan Ouwe-Syl wie neist syn lingte om, ek bekend om syn grutte krêft.

Doe't er fielde dat er om syn lingte misbrûkt waard, kaam er werom út Amearika en krige in segarewinkeltsje yn Loosduinen en waard dêr boekhâlder. Yn 1985 is dêr in strjitsje nei him neamd. Fytsfabryk Gazelle makke foar him in spesjale oanpaste fyts as reklame.

De froulju fan Aldebiltsyl borduerden syn namme op harren lapen as hy op toernee wie. Yn it Biltske gemeenteargyf wurdt noch sa'n lape bewarre dêr't hy de "Klaine Keizer" op neamd wurdt. Foar it hûs oan de Laaisterstreek 13 yn Aldebiltsyl stiet te lêzen: De eerste steen gelegd den 1 april 1892 door Gerrit Keizer oud 18 jaar.

 
Yn 1899 kriget Gerrit Keizer in troch Titus Postma út Ljouwert op maat makke Crescent no 8. oanbean troch Johan Koopmans, fytsymporteur út Amsterdam.

Neilittenskip

bewurkje seksje

Jan van der Mast, de man fan Wilma Keizer, in âldomkesizzer fan Gerrit, ferdjippe him yn it aventoerlike libben fan 'e âldomke fan syn frou en skreau der in histoaryske roman oer.[boarne nedich] Yn 2018 krige Gerrit Keizer in stânbyld yn syn berteplak Aldebiltsyl, dat kaam te stean by Kafé 't Graauwe Paard. It wie makke troch keunstner Hans Jouta, en waard op snein 3 juny ûntbleate troch Keizer syn hjoeddeiske famyljeleden.[1][2][3] Nei de ûntbleating folge de Klaine Keizer Koier, in histoaryske doarpskuier troch Aldebiltsyl, wêrby't biograaf Sytse Keizer (gjin famylje) oan 'e hân fan beskate plakken yn it doarp it libbensferhaal fan Gerrit Keizer fertelde.[1] Yn histoarysk sintrum De Aerden Plaats is in permaninte útstalling te sjen fan in tal foarwerpen fan 'klaine Gerryt', wêr't syn fyts ûnder is.[1]

  • Jan van der Mast, De kleine Keizer - Wervelend epos over de kleinste man ter wereld, útjouwer Nieuw Amsterdam. ISBN 978-9046812167

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 ——, Gerrit Keizer geëerd met standbeeld in Oudebildtzijl, yn: de Frjentsjerter Krante, 30 maaie 2018.
  2. Elverdink, Wieberen, "Klaine Gerryt" Keizer: de man die eigenlijk geen sokkel nodig had, yn: de Ljouwerter Krante, 4 juny 2018, s. 18.
  3. ——, Beeld Kleine Keizer onthuld, yn: de Frjentsjerter Krante, 6 juny 2018, s. 7.