Blessum

Blessum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke. Blessum leit noardlik fan Hilaard, súdeastlik fan Dronryp, westlik fan Boksum en súdwestlik fan Deinum. Yn 2022 hie Blessum 75 ynwenners. De doarpskearn fan Blessum leit om de Marijetsjerke midden yn it doarp.

Blessum
Sicht op Blessum
Sicht op Blessum
Sifers
Ynwennertal 75 (2022) [1]
Oerflak 2,65 km², wêrfan:
lân: 2,62 km²
wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht. 27 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Frisian flag.svg Fryslân Fryslân
Gemeente Flagge fan de Waadhoeke.PNG De Waadhoeke
Oar
Postkoade 9032-9033
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 10' N 5° 42' E
Offisjele webside
blessum.info
Kaart
Blessum (Fryslân)
Blessum

Sûnt 2018 leit Blessum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Menameradiel.

DoarpBewurkje

 
Sicht op Blessum
 
Blessum, Buorren 3

It âldste hûs fan Blessum stiet oan de Buorren nr. 6. De skuorre fan de pleats foar de tsjerke oer oan de Buorren nr. 3 [2] hat it heechste dak fan alle pleatsen yn Fryslân. Noardlik fan Blessum rint de Blessumer Feart, dy't útkomt yn it Van Harinxmakanaal. It âlde haventsje fan Blessum leit oan De Wâl, it ienige sydstrjitsje fan de Buorren. Dêr leinen yn it begjin fan de tweintichste iuw de skûtsjes oan om turf te bringen en terpierde yn te laden. Want ek de Blessumer terp is foar it grutste part ôfgroeven. Sintraal punt oan de Buorren foarmet de doarpspomp tusken Buorren 8 en Buorren 6. En dan binne der noch de linebeammen. Al generaasjes stean se yn de Buorren en om de tsjerke, ûnderhâlden troch de Blessumers. It boek 'De sûnde fan Haitze Holwerda' fan Ulbe van Houten spilet op de pleats Terphûs oan de Blessumerdyk yn Blessum.

De greiden besuden en bewesten it doarp wurde noch altiten trochsnien troch de slinken fan de eardere Middelsee. Iuwenâlde tsjerkepaden rinne fan Blessum nei de doarpen Boksum en Deinum. It paad nei Hilaard is ferdwûn. Oant de jierren santich wurken de measte ynwenners fan Blessum op de seis pleatsen yn en om it doarp. De meganisaasje ferdreau de "feinten" en "fammen". Minsken fan bûten ûntdekten it doarpke oan de ein fan de Blessumerdyk. Alde en nije Blessumers (begjin 2010 presys 88 stiks) wenje neist elkoar oan de Blessumerdyk, de Buorren, de Wâl, de Mieddyk en it Sùd.

It doarp is troch de Blessumer Feart nei it noarden ûntsluten, rjochting Harnzer Trekfeart (no Van Harinxmakanaal). Oer de wei koe en kin it doarp allinnich fanút it easten oer de Blessumerdyk berikt wurde. It doarp is sà lyts, dat de tsjerke tagelyk ek doarpshûs is.

Yn de moderne tiid is de isolearre, wat rêstige lizzing fan it doarp sterker wurden. Yn it noarden is yn 1863 it spoar Ljouwert - Harns komd en yn it lêste fearn fan de 20e iuw de Westergoawei mei ferkearspleinen, eastlik fan it doarp.

SkiednisBewurkje

Al yn de 9e iuw moat der bewenning op it stee fan it Blessum fan no west hawwe. Ut dy tiid is in gouden pinkring fûn, mei in gravuere fan it Laam Gods. Blessum sels is yn de iere Midsiuwen ûntstien, bewesten de Middelsee. It doarp wurdt om 1250 as Blesingum neamd.

StatesBewurkje

By Blessum hawwe twa states stien:

 
De homeiepeallen fan Ringiastate
Ringiastate

Oan de oprydleane tichtby de tsjerke steane twa homeiepeallen mei de namme Ringiastate. It paad liedt nei it stee dêr't ea Ringiastate stie. De earste bewenner wie Doeke Rinia. Yn 1469 wie hy rjochter yn it gebiet. De lêste Rinia fan Blessum wie Haye. Om 1570 kaam de state troch houlik en fererving yn besit fan de famyljes Bouritius en Fan Glinstra. Epeus fan Glinstra, griffier fan it Hof fan Fryslân (en boaske oan dichteresse Eelkje fan Bouricius), brûkte de state yn de simmermoannen as 'twadde wente'. Hûs en hof binne yn 1832 ôfbrutsen.

Wismastate

Wismastate wie stamslot fan de Wissema's, it stie krekt besuden Blessum op in terp. Oan de súdkant de yn de 18e iuw sloopte Wismastate dêr't de stinzepoarte fan oant 1809 noch bestie, en oan de westkant de Ringiastate, in state út de 15e iuw yn de foarm fan in steatlike pleats dy't ek platsmiten waard. Yn 1809 is ek it poartegebou ôfbrutsen. Yn de tsjerke fan Blessum leit in grêfstien fan ien fan de Wissema's, Jan (1558-1616). Hy troude mei Lisck, dochter fan Doeke fan Eminga, abbekaat oan it Hof fan Fryslân.

Op beide stateterreinen binne nije pleatsen boud. Op it terrein fan Ringiastate barde dat yn 1823. Oan de kant fan de Buorren is in âldere herinnering oan de state bewarre bleaun. It binne homeiepeallen út de iere 18e iuw. De fjouwerkante groeve pylders binne kanneleard en drage byldhoude fazen yn barokfoarmen. De Buorren binne earder beseame west mei liedlinebeammen. Dizzen binne troch oare beammen ferfongen, mar om it tsjerkhôf steane noch wol liedlinebeammen.

TsjerkeBewurkje

 
Tsjerke fan Blessum
  De Wikipedy hat ek in side Mariatsjerke (Blessum).

De oan Marije wijde tsjerke fan Blessum is fan omtrint 1250. Yn alle gefallen binne de âldste fûneminten troch muontsen makke om 1250 hinne.
Yn it ynterieur falle de skilderde draperyen om it oargelfront op. Ek it oargel út 1659 is tige bysûnder en is hielendal restaurearre.
It lykwichtige tsjerkemeubilêr komt út de 19e iuw. Op ien fan de tekstboerden wurdt omtinken jûn oan de Slach by Boksum. Fan de 1000 deaden soenen hjir 120 begroeven lizze. De noardmuorre mei ier-goatyske spitsbôgefinsters en it koar mei in trijesidige sluting is út de 14e iuw. Om 1500 hinne is it tsjerke fernijd. Der kaam doe in yngongspartij mei in omlisting mei siermitselwurk, wringde kolonetten en in lytse byltnis.
De súdlike gevel is foar it grutste part fernijd en hat grutte rûnbôgefinsters. De mânske toer hat wierskynlik noch in kearn út de 13e of iere 14e iuw, mar hy krige yn 1879 in ommitseling en der waard in ynsnuorre toerspits op setten.

BefolkingsferrinBewurkje

Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2022
Ynwenners 132 119 134 118 125 90 75

StrjittenBewurkje

Blessumerdyk, Buorren, De Wâl, It Súd, Mieddyk.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: