Homeiepeallen
Homeiepeallen (ek: hameiepeallen) binne de grutte swiere peallen dy't op de daam nei in pleats ta steane. Tusken de peallen hong de homeie.
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/e/ee/Linker_zijgevel_-_Ee_-_20067033_-_RCE.jpg/250px-Linker_zijgevel_-_Ee_-_20067033_-_RCE.jpg)
De peallen wienen faak fersierd of der stiene foarwerpen op. Sa steane der by de Ringiastate de fjouwerkante groeve kannelearde peallen mei byldhoude fazen yn barokfoarmen.