Hector Livius fan Altena
Frysk politikus
Hector Livius fan Altena (Blessum, maaie 1741 - Ljouwert, 11 april 1806) wie in politikus.
Fan Altena wie in meistanner fan Court Lambertus fan Beyma, nei 1787 ek yn Sint Omer. Yn 1795 (provisjoneel) folksrepresintant. Yn de Nasjonale Fergadering earst meistanner fan Fan Beyma, letter fan Vreede. Hy hearde doe ta de radikalen. Nei de steatsgreep fan 12 juny 1798 gie er út de polityk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Altena, Hector Livius van. |