Eelkje fan Bouricius
Eelkje fan Bouricius (Ljouwert, doopt 9 maaie 1620 – dêre, 2 april 1682) wie in gelegenheidsdichteresse.
Libben
bewurkje seksjeSy wie in dochter fan de abbekaat Hector fan Bouricius (± 1592-1636) en Houckje fan Hillema (1599-1669). Eelkje fan Bouricius boaske op 25 jannewaris 1635 yn Ljouwert mei de abbekaat Epeus Glinstra (1606-1677), hja wie doe 15 jier. Har man wie fan 1638 oant 1659 griffier oan it Hof fan Fryslân. It pear krige 13 bern, mar twa soannen waarden lykwols folwoeksen; dat wiene Hector (1647-1705) en Oene Frederik (1656-1682).
It pear wenne yn Ljouwert, mar hie in bûtenhûs yn Blessum: Ringiastate.
Dichtwurk
bewurkje seksjeDer is net folle bekend oer de gedichten fan Eelkje fan Bouricius en der is ek net safolle fan bewarre bleaun. Yn ien dêrfan winske se Sophie Anna fan Pipenrooij in goede reis ta. It gedicht is der net mear, mar it tankbriefke wol. It âldste wurk van Eelkje dat bewarre bleaun is, is in lofdicht fan 92 rigels op de Frede fan Münster. Yn 1652 stjoerde se Constantijn Huijgens in glês mei ynskripsje en in gedicht as tank foar it presint-eksemplaar fan syn boek Ooghen-troost.
- Rym-gedicht, passende op den staet des landts en het tractaet van den vrede, gemaeckt tot Munster, yn: Adrianus Hasius, Den geestelycken alarm […] Tot een toegift noch een verklaringh over den 124. Psalm, passende op den tegenwoordighen vrede, tusschen desen Staet en den Koningh van Spanje (Ljouwert 1648) 523-525.
- Twee drempelverzen in Sybille van Griethuysen e.a., Hemelsche troostborne (Ljouwert 1651).
- Op ’t cruyt-hoff van den heer H. Muntingh, yn: J. van Nyenborgh, De weeckwercken (Grins 1657) 302-303.
- Trije gedichten [mei Bladen voor daden] yn: J. van Nyenborgh, Het wonder-toneel ofte lust-hof der histori-paerlen (Grins 1657) 302-303, 314-315.
- Har gedicht(en?) oan Huygens wurde bewarre yn de Universiteitsbibleteek fan Leien.
Literatuer
bewurkje seksje- J.A. Worp, De briefwisseling van Constantijn Huygens (1608-1687), diel 5 (De Haach 1916) 148 [brief fan 3-7-1652].
- Ph. Breuker, It wurk fan Gysbert Japix, 3 dln. (Amsterdam 1989) 237-249, 545-547.
- A. de Jeu, Eelckje van Bouricius; een zeventiende-eeuwse dichteres in de marge van de literaire werel’, Tydskrift foar Nederlânske Taal- en Letterkunde 114 (1998) 329-345.
- A. de Jeu, ’t Spoor der dichteressen. Netwerken en publicatiemogelijkheden van schrijvende vrouwen in de Republiek (1600-1750) (Hilfertsom 2000) 99, 105-107, 127, 184.
- H. de Walle, Friezen uit vroeger eeuwen: opschriften uit Friesland, 1280-1811 (Frjentsjer 2007) 68, 115.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |