Julianatsjerke (Aldebiltsyl)

De Julianatsjerke (Biltsk en Nederlânsk: Julianakerk) is in tsjerkegebou yn it doarp Aldebiltsyl, yn 'e Fryske gemeente Waadhoeke.

Julianatsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Aldebiltsyl
adres Ds. Schuilingstraat 4-6
koördinaten 53° 18' N 5° 43' E
Tsjerklike gegevens
status kultureel sintrum
Arsjitektuer
boujier 1806
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 46547[1]
Kaart
Julianatsjerke (Fryslân)
Julianatsjerke

De tsjerke waard yn 1806 boud as in fermanje en yn 1860 fergrutte mei de foarlizzende pastory. De yngongspartij fan 'e pastory hat in pilasteromlisting en in rûnbôgich fronton. Yn 1909 waard op de pastory in houten geveltoer mei spits yn neoklassisistyske styl boud. Nei de berte fan prinsesse Juliana datselde jier waard de tsjerke nei har ferneamd en yn 'e iepen bekroaning fan 'e toer in liedklok hongen.

It ynterieur fan de rjocht sletten sealtsjerke wurdt oerdutsen troch in houten tonferwulft.

De Julianatsjerke hat de status fan ryksmonumint. Sûnt 1997 hat it gebou gjin tsjerklike funksje mear. It waard dat jiers oankocht troch de gemeente It Bilt en yn 2009 trochferkocht oan 'e Stifting DBF, dy't yn Fryslân mear monuminten op 'e noed hat. Sûnt 1999 wurdt de tsjerke brûkt troch it kultureel besikerssintrum de Aerden Plaats, dat it gebou ter besichtiging oanbiedt en der tentoanstellings organisearret.

It oargel fan de tsjerke waard yn 1905 troch Bakker & Timmenga boud. It ynstrumint hat fiif registers en in oanhongen pedaal. Oan it oargel is yn 'e rin fan de tiid neat feroare.[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: