Hjerbeam
Hjerbeam is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Hjerbeam leit eastlik fan Mullum, noardeastlik fan Harns en westlik fan Frjentsjer. De doarpskearn leit noardlik fan de Rykswei rûn de Niklaastsjerke. De buorskip Kystersyl heart foar in part ek by Hjerbeam.
Hjerbeam | ||
Sicht op Hjerbeam | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 270 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 3,05 km², wêrfan: - lân: 2,97 - wetter: 0,08 km² | |
Befolkingsticht. | 88 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 11' N 5° 29' E | |
Offisjele webside | ||
FB-side | ||
Kaart | ||
Op 1 jannewaris 2023 hie Hjerbeam 270 ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeIt doarp ûntstie op in terp. Yn de 13e iuw waard it 'Herbadingum' neamd, yn 1400 'Heerbadigim', yn 1417 'Herbaynghum', yn 1433 'Herbadeghum' en yn 1505 'Herbaeyum'. De plaknamme soe it wenplak (hiem/um) fan de famylje Herbadinga betsjutte.
It doarp krige fral yn 'e rin fan de 20e iuw wat útwreiding oan de noardlike kant, wylst de iepen romte tusken de twa stêden oan it begjin fan de 21e iuw troch de oanlis fan nije yndustryterreinen yn Harns en fral Frjentsjer lytser waard.
Tegearre mei Mullum hie Hjerbeam oan it spoar Stiens-Harns fan 1 oktober 1903 oant 15 maaie 1935 de halte Mullum-Hjerbeam.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden op 18 novimber 1944 oan 'e Rykswei by Hjerbeam trije finzenen troch de nazys stânrjochtlik eksekutearre yn it ramt fan 'e represailles by Hjerbeam en Menaam út wraak foar aksjes fan it Fryske ferset.
Oant 31 desimber 2017 hearde it doarp by Frjentsjerteradiel. Sûnt 1 jannewaris 2018 falt Hjerbeam ûnder de doe nije gemeente Waadhoeke. Yn itselde jier krige Hjerbeam as earste doarp fan Nederlân in buertmûne.[1]
Sûnt 2018 leit Hjerbeam yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (sudertrimdiel).
Niklaastsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Niklaastsjerke (Hjerbeam).
De tsjerke komt út de midsiuwen, nei alle gedachten út de twadde helte fan de 13e iuw. It gebou waard ûnder begelieding fan arsjitekt P.J. Jaarsma yn 1872 fernijd. De noardmuorre bleau by de fernijing sparre en bestiet foar it meast út giele kleastermoppen, hjir en dêr reparearre en oanfold mei lytse giele Fryske trijeling-stientsjes. De toer is nei alle gedachten yn de jierren 1920 op de westgevel boud en hat in ynsnuorre, achtkante mei laaien dutsen spitske.
Sickemastate
bewurkje seksjeYn it doarp stie de Sickemastate, dy stins bestie al yn de 15e iuw. Sicco van Goslinga waard dêr berne. De state bestie út twa efter en oan elkoar boude steatlike huzen. Dy waarden om 1749 hinne ôfbrutsen. Op it stee waard letter in pleats boud. De poarte is wol bewarre bleaun en is in ryksmonumint.
Mienskip
bewurkje seksjeIt doarpshûs fan Hjerbeam hjit 'De Punt', it doarpskrantsje hjit 'Alledeisk'. De Feestkommisje Hjerbeam organisearret alle jierren it doarpsfeest 'Merke'.
Tsjerke
bewurkje seksjeSkoalle
bewurkje seksjeDe iepenbiere basisskoalle 'De Moskflapper' waard fanwegen te min bern yn 2011 sletten.[2][3]
Ferienings
bewurkje seksje- Iisferiening Nocht en Wille.
- Keatsferiening Jan Zeinstra.
Ferneamde ynwenners
bewurkje seksje- Thomas Herbaius (1570-1613), advokaat-fiskaal of prokureur-generaal fan it Hof fan Fryslân.
- Sicco van Goslinga, steatsman (Hjerbeam, 1664 - Doanjum, 20 septimber 1730.
- Keunstskilder Jopie Huisman (1922-2000) hat hjir lang in gruthannel yn fodden en metalen hân.
- Waarman Piet Paulusma (1956–2022) hat jierrenlang yn it doarp wenne.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2015 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 215 | 278 | 273 | 255 | 290 | 241 | 294 | 252 |
Jier | 2020 | |||||||
Ynwenners | 255 |
Strjitten
bewurkje seksjeBuorren, Feringastrjitte, Jan Zeinstrastrjitte, Kiestersyl, Leane, Miedleane, Paradyske, Rykswei, Siccamastrjitte, Tsjerkestrjitte.
Sjoch ek
bewurkje seksjePublikaasjes
bewurkje seksje- Henk Kreger "Beeld van Oud-Herbaijum, Kie en Kiesterzijl"
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|