Niklaastsjerke (Hjerbeam)

De Tsjerke fan Hjerbeam of de Niklaastsjerke is de eardere herfoarme tsjerke fan Hjerbeam. Sûnt 2016 is de tsjerke fan it Oekumenysk Wurkferbân Fryslân.

Niklaastsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Hjerbeam
adres Tsjerkestrjitte 2
koördinaten 53° 11' N 5° 29' E
Tsjerklike gegevens
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier 13e iuw, 1872
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15854
Webside
Frysk Oekumenysk Wurkferbân
Kaart
Niklaastsjerke (Fryslân)
Niklaastsjerke

De oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijde en yn de 13e iuw boude tsjerke waard yn de 19e iuw foar in grut part fernijd. De midsiuwske noardlike muorre bleau by dy fernijing bewarre. It tuorke stamt nei alle gedachten út de jierren 1920.

De tsjerke besit in klok út de 14e iuw mei in diameter fan 72 sintimeter. Alhoewol't de klok yn de Twadde Wrâldkriich foardere waard, kaam er nei de oarloch werom. Yn 1989 krige de klok spitigernôch in skuor. Sûnt koe de klok net mear brûkt wurde foar it lieden. De klok wurdt tsjintwurdich yn de tsjerke bewarre en nei in aksje krige de tsjerke wer in nije klok, dy't as opskrift "YN IT PLAK FAN’E 14 IEUWSKE KLOK LIED IK FOAR TSJERKE EN DOARP 1992" draacht.[1]

De tsjerke drige healwei de jierren 1970 sluten te wurde, mar op inisjatyf fan de herfoarme tsjerkerie waard der út in fermidden fan herfoarmen, grifformearden en net-tsjerkefolk in kommisje beneamd mei it doel de tsjerke foar it doarp te behâlden en dêr Frysktalige tsjinsten te hâlden. Sa ûntstie de kommisje Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam.

Yn de rin fan de tiid binne de herfoarme tsjerkerie en it Wurkferbân jimmeroan mear yn inoar opgien. Yn 1985 waard de tsjerke troch û.o. de Stifting Behâld Tsjerklike Gebouwen yn Fryslân opknapt. Op 23 juny 2016 waard de herfoarme gemeente fan Hjerbeam op útstel fan de PKN opheven en de tsjerke mei de eigendommen oerdroegen oan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam.[2]

De tsjerke hat gjin piipoargel, mar in elektronysk oargel.[3]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: