Siemon Sipma
Siemon Klazes Sipma (Nijebiltsyl (útbuorren boppe Aldebiltsyl), 24 jannewaris 1824 - Aldebiltsyl, 18 febrewaris 1904), wie boer en skriuwer.
Menniste freon fan folksskriuwer Waling Dijkstra. Skreau ûnder oare yn de Bijekoer en Fryske Húsfrjeon. Syn feestrede, útsprutsen op it iuwfeest fan it lêsselskip LUNB yn Aldebiltsyl op 6 juny 1892 is yn hânskrift by Tresoar. Dêr binne ek in tal taksaasjeboeken, dêr't er as fertrouwensman fan grutgrûnbesitters syn lânprizen skreau.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|