Doanjum

Doanjum
Flagge fan Doanjum Wapen fan Doanjum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Doanjum
Gemeente De Waadhoeke
Ynwennertal (2020) 370
Webstee Webstee fan Doanjum en Boer

Doanjum is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke, benoarden Frjentsjer. It doarp hat 362 ynwenners (31 desimber 2003). Yn Doanjum stean 163 wenten. Dit binne 100 keaphuzen en 63 hierhuzen (2007).

Doanjum sjoen fan 'e Boerster kant ôf.
Doarpsstrjitte 13, went mei sealdak tusken topgevels. Ryksmonumint

SkiednisBewurkje

Doanjum bestiet út in groep terpen op in âlde kwelderwâl. It gebiet moat blikens grûnfynsten al in de Romeinske tiid bewenne west hawwe. Ut opgroeven ierdewurk blykt dat de destiidske bewenners frijwat begoedige wienen. Fan de ein fan de Romeinske tiid oant yn de 5e iuw wie it gebiet nei alle gedachten ûnbewenne.

Yn it begjin fan de 17e iuw waard hjir de stins Goslinga State boud, dêr't letter de grytman en steatsman Sicco van Goslinga wenne dy't yn 1731 ferstoar. Yn 1803 waard de stins ôfbrutsen. Yn de tsjerke fan Doanjum (1711) is noch in prielgrêf fan Sicco van Goslinga.

Doanjum hie sûnt 1 oktober 1903 in stasjon oan it NFLS-spoar fan Frjentsjer nei Tsjummearum; de geografyske ôfkoarting wie Dj. By graafwurk foar it spoar waard yn 1911 in brûnzen byldsje út de Romeinske tiid fûn dat de Romeinske god Mars foarstelt. Op 8 oktober 1933 waard it stasjon sluten.

MienskipBewurkje

Mei it tichtby lizzende Boer hat Doanjum sûnt april 1969 de feriening Doarpsbelang Doanjum/Boer. De feriening hat kontakten mei de gemeente, wenningstifting, sosjaal- en maatskiplik wurk De Skûle. Sawat om de twa moanne komt de doarpskrante De Skûle út. Njonken iepenbiere skoalle De Twirre stiet sûnt 2007 doarpshûs De Boppeslach.

FerieningsBewurkje

  • It Wouterke - toaniel
  • Moed en Volharding - keatsen
  • VVV - feriening foar folksfermeits
  • Dûnsferiening
  • Neist 'e Terp - iisclub

TsjerkeBewurkje

BefolkingBewurkje

Berne yn DoanjumBewurkje

StrjittenBewurkje

Doarpsstrjitte, Frjentsjerterwei, Hovensreed, M C Willemsstrjitte, Marten Anemastrjitte, Noarderstrjitte, Riedsterwei, Tsjummearumerwei, Van Goslingastrjitte, Wytse Foppesstrjitte.

Sjoch ekBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente De Waadhoeke
 
Stêd: Frjentsjer

Doarpen en útbuorrens: AchlumAldebiltsylBaaiumBerltsumBitgumBitgummoleBlessumBoerBoksumDeinumDoanjumDronrypEasterbierrumFroubuorrenFurdgumHitsumHjerbeamIngelumKleaster-LidlumMarsumMenaamMinnertsgeaNij AltenaPeinsPitersbierrumRieSeisbierrumSint-AnneSint-JabikSkalsumSkingen SlappeterpSpannumSweinsTsjomTsjummearumDe WesthoekWierWinsumWjelsryp

Buorskippen: AlsertBarrumDe BeintenBessebuorrenBonkwertBuerstermûne (foar in part) • DearsumDykshoekeDyksterhuzenDoaiumErkensFâltumFjouwerhûsDe FlearenIt FlietFranjumbuorrenGlinsHearema't HeechhoutHemmemabuorrenIt HoarslânHolprypDe KampenKeimpetilleKieKystersylKoehoalKoümDe KreakeDe KrokLeakwertLankumLytselollumMeamertMiedumMolswertNijebiltsylDe OasthoekRitsumabuorrenRitsumasylRoptasylSalvertSânhuzenSitlumSkyldumSopsumSwaarderbuorrenSwarte HarneSwettehoarneTeatlumTolsumTritsumTsjeppenbûrIt WarWeakensDe Westerein