Nij Altena
Nij Altena (Biltsk: Nij Altoenae) is in doarp yn de gemeente Waadhoeke. Nij Altena leit noardeastlik fan Sint-Jabik, noardlik fan Sint-Anne, noardwestlik fan Froubuorren en westlik fan Aldebiltsyl. De doarpskearn fan Nij Altena leit om de Aldebiltdyk en Schuringawei.
Nij Altena | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 325 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 1,7 km², wêrfan: - lân: 1,6 - wetter: 0,1 km² | |
Befolkingsticht. | 200 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 17' N 5° 39' E | |
Offisjele webside | ||
Side Nij Altena | ||
Kaart | ||
It doarp hat 325 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
De namme Nij Altoenae
bewurkje seksjeNij Altoenae ferwiist nei Sint-Anne, dat oarspronklik Altoenae hiet. Dat Altoenae ferwiist wer nei it oarspronklike wenplak fan de yndikers fan It Bilt, dy't yn 1505 foar in par út it Lân fan Heusden en Altena kamen.
Fan buorskip nei doarp
bewurkje seksjeNij Altena ûnstie oan it begjin fan 'e 19e iuw en waard doe nei de doetiidske Nije Wei (hjoeddedei de Schuringawei) as 't Wechy oantsjut. Mear as in pear pleatsen wie it net.
Yn 1903 waard der in skoaltsje fan trije lokalen mei dêrby in skoalmasterswente iepene. Yn 1918 folge de bou fan in grifformearde tsjerke, dy't yn 1928 ferfongen waard foar de hjoeddeiske PKN-tsjerke. It plakje groeide stadichoan troch en sûnt 1951 waard it offisjeel in buorskip yn 'e himrik fan Sint-Anne. Tsjin it ein fan de jierren 1970 waard in begjin makke mei de oanlis fan mear strjitten en ûntstie der in doarp.
Yn 1982 frege Pleatslik Belang Nij Altena de doarpsstatus oan, mar nei in hantekeningenaksje troch tsjinstanners feroare der neat. Yn 1991 krige in folksstimming gjin twatredde mearderheid en in nije folksstimming yn 1999 levere krekt te min stimmen op.
Yn 2005 frege Pleastlik Belang Nij Altena op 'e nij de doarpsstatus oan. It bûtengebiet hat him by in folksstimming útsprutsen om by Sint-Anne te bliuwen, mar op 16 febrewaris 2006 besleat de gemeenterie Nij Altena sels op 1 oktober 2006 in doarp te meitsjen. Postbedriuw TNT hie lykwols alle postkoades fan it tsiental xx71 - xx79, bedoeld foar doarpen yn dy regio, al útjûn. Yn 'e rin fan 2006 hat de Topografyske Wurkgroep Fryslân kontakt socht mei gemeente It Bilt. De wurkgroep stelde út om ris nei de twa postkoades fan it tichtby lizzende Alde Leie te sjen. Dat foel foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 as doarp ûnder twa gemeenten: Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel. Sadwaande hie it twa postkoaden yn gebrûk. De ynwenners fan Alde Leie stienen iepen foar it útstel om mei ien fan harren postkoades Nij Altena te helpen en op 1 maaie 2008 waard de oerheveling oan Nij Altena trochfierd.
Sûnt 2018 leit Nij Altena yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente It Bilt.
Mienskip
bewurkje seksjeIt âlde doarpshûs stie earder oan de Aldebiltdyk, mar yn it jier 2000 waard oan de M. Smitstrjitte in nije mienskiplik sintrum "De Utwyk" iepene. De aktiviteitenkommisje Oranje Nasjonaal organisearret festiviteiten yn it doarp.
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Tsjerke tusken de Diken.
Skoalle
bewurkje seksje- Kristlike basisskoalle De Noordster. Foar fuorset ûnderwiis geane de bern nei de Skoallemienskip Ulbe fan Houten yn Sint-Anne.
Feriening(s)
bewurkje seksje(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside)
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 2013 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|
Ynwenners | 295 | 298 | 330 |
(Boarnen: 2013, 2015, 2020: Alle Cijfers)
Ferskaat
bewurkje seksje- De Aldebiltdyk is rom 14 kilometer lang en dêrmei de langste strjitte fan Fryslân.
- Binnen de roomsk-katolike mienskip krige Nij Altoenae bekendheid fanwege in tal Mariaferskiningen yn 2007.
Strjitten
bewurkje seksjeAldebiltdyk / 't kort Morn / 't Putstik / Schuringawei (eartiids 't Wechy) / Mathijs Smitstrjitte / Steedhâlderswei / Ds. Veenstrjitte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|