Bordenatsjerke (Froubuorren)

De Bordenatsjerke is de tsjerke fan de herfoarme gemeente yn Froubuorren. De gemeente is oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân.

Bordenatsjerke (Froubuorren)
De tsjerke yn 2023
De tsjerke yn 2023
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Froubuorren
adres Tsjerkeplein
koördinaten 53° 16' N 5° 42' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
boujier 1670-1671
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 9525 [1]
Webside
Side Bordenatsjerke
Kaart
Bordenatsjerke (Fryslân)
Bordenatsjerke

Skiednis bewurkje seksje

 
Oargel (sitewaasje fan foar de restauraasje fan 2014-2015)

De earste tsjerke fan Froubuorren wie in ienfâldich houten gebouke mei in reiten tek út 1511. De hjoeddeiske tsjerke is de âldste tsjerke fan it Bilt en ferfong mei finansjele help fan de Steaten yn 1670 in oan Us Leaffrou wijde tsjerke út de jierren 1526-1532, dy't mei help fan keizer Karel V boud wie. Op 23 april 1671 fûn der foar it earst in tsjinst plak.

Foar de herfoarme gemeente wie de twadde helte fan de 19e iuw in drege tiid. Lykas yn oare Biltdoarpen wie de striid tusken frijsinnich en rjochtsinnich ek yn Froubuorren fûl. Jild foar it traktemint fan in dûmny wie der net om't de lânhearen sûnt 1863 net mear ferplichte wiene harren bydrage te jaan. En doe't de dûmny yn 1870 in berop yn Britsum oannaam bleau Froubuorren sels oant 1905 sûnder eigen dûmny.

De Bordenatsjerke waard yn de jierren 2014-2015 restaurearre. It dak, it muorrewurk en it ynterieur waard ûnder hannen nommen. Ek krige de tsjerke nije ferwaarming.[2]

Ynrjochting bewurkje seksje

Ut de boutiid fan de tsjintwurdige tsjerke stamme de preekstoel mei it klankboerd en it doopstek. Ek oarspronklik binne de grytmansbank mei wapens fan Willem van Haren en Elisabeth Hemmema, de iken lambrisearring en de koperen kroanluchters. In troch de steaten skonken brânskildere raam mei it wapen fan Fryslân gyng yn de rin fan de tiid ferlern.

Ut de foargonger fan de tsjerke stamt noch in rouboerd mei de tekst Jhr. Boudewijn van Loo, obiit (ferstoarn) 23 jan. Ao 1640. De klok mei in diameter fan 125 sintimeter waard yn 1602 getten troch G. Gregori. It oerwurk is mechanysk en yn 1862 ynbrocht.

Oargel bewurkje seksje

In grutte feroaring yn in ynterieur fûn plak doe't der yn 1844 foar it earst in oargel yn de tsjerke kaam te stean. It ynstrumint op de westlike galerij waard boud troch Luitjen Jacob van Dam. Yn 1943 feroare de firma Valckx & van Kouteren de disposysje fan it oargel en waard in pneumatysk frij pedaal tafoege. Mei de lêste restauraasje fan de tsjerke yn 2014-2015 is it oargelfront yn ljochte kleuren farve.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: