De Ouwe Griep wie in keatspriis út Bitgum yn de foarm fan in sulveren bal.

Print fan Dominicus Cannegieter: De "Ouwe Griep" út Froubuorren, yn: Nieuwe Friesche Volks-Almanak. Ljouwert: H. Kuipers, 1863.
Kolleksje Ryksmuseum Amsterdam

De priis waard beskikber steld troch de Bitgumer kastlein Hendrik Folkert Damsma en in oantal gerniers yn 1794. It wie fansels de bedoeling dat dizze bal yn eigen doarp bliuwe soe. Mar it wienen trije ynwenners fan Froubuorren dy't de priis wûnen. Lykas wenst waard de priisútrikking dien yn de kroech. It waard in troch alkohol beynfloede fjochterij dy't sa heech oprûn dat de winners harren ferstopje moasten. Letter op de jûn wisten se út Bitgum wei te kommen. De Froubuorsters hienen harren leske leard, yn 1796 wie de sulveren bal wer ynset fan in keatswedstriid, mar allinnich ynwenners fan Froubuorren mochten meidwaan.

Yn Froubuorren wurdt hjoed-de-dei noch de Ouwe Griep-partij ferkeatst. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: