Hans Snijder
Hans Snijder (Bitgum, 1962) is haadredakteur fan de Ljouwerter Krante út Ljouwert. Folge yn 2009 Rimmer Mulder op, dy't sûnt 1987 haadredakteur west hie.
Studearre Ekonomy en Underwiiskunde. Snijder wurke ûnder oaren foar de NOS en by RTL4.
Waard yn 1993 adjunkt-haadredakteur fan it doetiidske aktualiteitenprogramma MiddagEditie (VARA/NPS). Trije jier koördinator fan it VARA-programma B&W (Barend & Witteman). Sûnt 2000 einredakteur fan it NPS-programma Van Gewest tot Gewest. Yn maaie 2002 waard er haadredakteur fan Omrop Fryslân, dêr't er yn 2010 opfolge waard troch Jan van Friesland.