Geert Jonkman
Geert Jonkman (Aldskoat, 28 jannewaris 1910 - Ljouwert, 12 septimber 1970) wie skriuwer en haad fan de abonneminteneksploitaasje by de Ljouwerter Krante. Ek wie hy redakteur fan de Stiennen Man tusken 1950-1957. Neist gedichten en ferhalen hie Geert Jonkman er in foarkar foar it kriminele en foar abnormale sielsprosessen.
Jonkman brocht in diel fan syn libben bûten Fryslân troch. Yn de Twadde Wrâldoarloch siet er yn it ferset en nei de befrijing wie er in skoftlang kommandant fan Crackstate op It Hearrenfean dêr't doe politike delinkwinten finzen sieten. Yn de fyftiger jierren begûn er koarte Fryske ferhalen te skriuwen. Hy sette ek toanielstikken oer yn it Frysk en wie redakteur fan in tal tydskriften. Syn novellen wienen frijwat "realistysk". Makke toanielbewurkingen foar iepenloftfoarstellings yn Jorwert en de Fryske krite fan Snits en stripferhalen yn de Ljouwerter Krante.
Hy stoar yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert oan in hertoanfal en leit op it hou fan de herfoarme tsjerke fan Raerd.
Biografy
bewurkje seksje- Frjemde epistels ( 1951)
- Li Fu en oare forhalen (1954)
- De grize oer de grauwe (1958), mystearjeferhalen mei Ype Poortinga en Marten Sikkema
- De wûndere wrâld (1950) mearke nei Grimm.
- Boerekinkels (1950), toanielstik mei E.B. Folkertsma
- De Kastleinsdochter en oare froulju ( ferhalen, 1966)
- Tusken dream en dea (ferhalen, 1967)
- Master E. (1968)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|