James A. Michener
James A. Michener (útspr.: ['mɪʧənəɹ], likernôch: "mit-sjuh-nur"; soms ek útspr. as ['mɪʧnəɹ], likernôch: "mitsjnur"; folút: James Albert Michener; Doylestown (Pennsylvania), 3 febrewaris 1907 – Austin (Teksas), 16 oktober 1997) wie in Amerikaansk skriuwer fan histoaryske romans en koarte ferhalen en non-fiksjewurken. Hy briek yn 1947 troch mei de ferhalebondel Tales of the South Pacific, wêrfoar't him yn 1948 de prestizjeuze Pulitzerpriis foar Fiksje taparte waard. Neitiid publisearre er mear as fjirtich boeken, wêrûnder in protte famyljekroniken dy't har útstrieken oer in grut tal generaasjes en dêrmei de skiednis fan in beskaat gebiet werjoegen. Foarbylden dêrfan binne Hawaii, Poland, Texas, Alaska en Caribbean.
James A. Michener | ||
skriuwer | ||
Michener yn 1991 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | James Albert Michener | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 3 febrewaris 1907 | |
berteplak | Doylestown (Pennsylvania) | |
stoarn | 16 oktober 1997 | |
stjerplak | Austin (Teksas) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | histoaryske romans & koarte ferhalen, essay's, non-fiksje | |
perioade | 2e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) |
Tales of the South Pacific Centennial | |
prizen | Pulitzerpriis foar Fiksje 1948 Pres. Frijheidsmedalje 1977 | |
jierren aktyf | 1947 – 1997 | |
offisjele webside | ||
www.michenersociety.com |
Michener syn troch resinsinten meast bejubele wurk wie Centennial, wêryn't er it ferhaal fan 'e Amerikaanske steat Colorado fertelde fan 'e prehistoarje oant it twahûndertjierrich bestean fan 'e Feriene Steaten, yn 1976. Oare romans fan him binne The Bridges of Toko-ri, oer de Koreaanske Oarloch, Sayonara, oer de leafdesrelaasje fan in Amerikaan en in Japanse, en The Novel, in boek wêryn't in roman de 'haadpersoan' is. Michener skreau ek Iberia, oer syn omdoarmings oer it Ibearysk Skiereilân, Sports in America, in non-fiksje wurk oer sport, en syn autobiografy The World Is My Home. Ferkaten fan syn wurken waarden neitiid ferfilme. Fan syn boeken waarden by syn libben likernôch 75 miljoen eksimplaren ferkocht.
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeNeffens Michener sels wist er net wa't syn biologyske âlden wiene, of krekt wannear't of wêr't er berne wie. Hy waard yn Doylestown, yn 'e steat Pennsylvania, grutbrocht troch syn adopsjemem Mabel Michener, in quaker. Hy slagge yn 1925 foar syn eineksamens yn it fuortset ûnderwiis op 'e Doylestown High School. Dêrnei learde er fierder oan it Swarthmore Kolleezje yn Swarthmore (Pennsylvania), dêr't er lid wie fan it basketbalteam fan 'e universiteit en teffens fan 'e studinteferiening Phi Delta Theta. Hy studearre yn 1929 summa cum laude ôf mei bachelorstitels yn Ingelske taal- en letterkunde en skiednis. Neitiid reizge er in soad en studearre er twa jier oan 'e Universiteit fan St Andrews yn it Skotske St Andrews.
Karriêre
bewurkje seksjeIere karriêre
bewurkje seksjeWerom yn 'e Feriene Steaten fûn Michener in baan as learaar Ingelsk oan The Hill School yn Pottstown, yn Pennsylvania. Fan 1933 oant 1936 ûnderwiisde er Ingelsk oan 'e George School yn Newtown, ek yn Pennsylvania. It wie yn dy tiid dat er foar it earst troude. Yn 1936 gie Michener op 'e nij te studearjen, diskear oan 'e Steatskweekskoalle fan Colorado yn Greeley (dy't yn 1970 omneamd is ta de Universiteit fan Noardlik Colorado). Dêr behelle er in mastergraad yn ûnderwiiskunde.
Neitiid ûnderwiisde Michener ferskate jierren oan dyselde kweekskoalle (dêr't de bibleteek yn oktober 1972 nei him ferneamd wurde soe). Fan 1939 oant 1940 beklaaide er de posysje fan gastdosint oan 'e Universiteit fan Harvard, en yn 1940 naam er in baan oan by útjouwerij Macmillan Publishers, dêr't er redakteur waard fan útjeften op it mêd fan ûnderrjocht yn 'e sosjology.
Militêre tsjinst
bewurkje seksjeDoe't de Feriene Steaten ein 1941 yn 'e Twadde Wrâldoarloch behelle rekken troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor, naam Michener tsjinst by de Amerikaanske Marine, ek al hied er as (pasifistyske) quaker ûnder de tsjinstplicht útkomme kinnen troch himsels ta gewissebeswierde te ferklearjen. Hy krige de rang fan luitenant-op-see en waard ûnder oarloch op ferskate misjes yn 'e Stille Súdsee stjoerd, nei't it skynt om't syn oerhearrigen geregeldwei by fersin mienden dat er de soan fan admiraal Marc Mitscher wie. Syn offisjele funksje wie marinehistoarikus. Hy reizge sadwaande in protte en krige dêrtroch in soad fan dat part fan 'e wrâld te sjen.
Trochbraak as skriuwer
bewurkje seksjeMichener begûn ûnder de Twadde Wrâldoarloch foar it earst fiksje te skriuwen. De ûnderfinings dy't er op syn reizen troch de Stille Súdsee hie, brûkte er om syn earste ferhalen op te basearjen. Sa ûntstie Tales of the South Pacific, in boek dat beskôge wurde kin as in ferhalebondel of as in roman besteande út in stikmannich ûnderling ferbûne ferhalen. It waard syn earste boek, dat yn 1947 ferskynde, doe't Michener fjirtich jier wie. Hy krige der rûnom lof foar taswaaid troch de literatuerkritisy, en yn 1948 waard it bekroane mei de Pulitzerpriis foar Fiksje. Tales of the South Pacific waard troch Rodgers en Hammerstein adaptearre ta de tige súksesfolle musical South Pacific, dy't yn 1949 op Broadway iepene. Yn 1958 waard op basis dêrfan wer in film makke, dy't ek South Pacific hiet en allikefolle súkses hie.
Yn 1949 kaam it twadde boek fan Michener út, mei as titel The Fires of Spring, oer de wees David Harper en syn libben en leafdes. Yn 1950 folge Return to Paradise, in boek besteande út acht essays, elts oer in oar eilân yn 'e Stille Súdsee, mei dêroan taheakke in koart ferhaal oer dat eilân. The Bridges at Toko-ri wie in novelle dy't yn 1953 ferskynde oer jonge Amerikaanske soldaten yn 'e Koreaanske Oarloch.
Yn Sayonara, út 1954, fertelde Michener it ferhaal fan majoar Lloyd Gruver, in piloat fan 'e Amerikaanske Loftmacht dy't stasjonearre is yn Japan en dêr fereale rekket op 'e Japanske frou Hana-Ogi. Dat boek wie foar in part autobiografysk, mei't Michener putte út ûnderfinings fan himsels en syn trêde frou, dy't in Amerikaanse fan etnysk Japansk komôf wie. Krekt as Tale of the South Pacific beljochte Sayonara it rasisme dêr't ynterrasiale houliken yn 'e 1940-er en 1950-er jierren mei te krijen hiene. Soks waard in weromkearend tema yn it wurk fan Michener. Sayonara waard yn 1957 ferfilme as Sayonara, mei Marlon Brando en James Garner yn 'e haadrollen. De film waard nominearre foar tsien Oscars en wûn dêr fiif fan.
Fierdere karriêre as skriuwer
bewurkje seksjeOan 'e ein fan 'e 1950-er jierren begûn Michener te wurkjen as redakteur foar de Reader's Guide to Periodical Literature, in funksje dy't er oant 1970 beklaaie soe. Teffens besocht er in nij paad yn te slaan as senarioskriuwer fan 'e troch him betochte tillefyzjesearje Adventures in Paradise, dy't fan 1959 oant 1962 útstjoerd waard. Dy gie oer kaptein Adam Troy (spile troch Gardner McKay) fan it sylskip de Tiki III. Produsint Bob Mann hie eins in tillefyzjesearje basearre op Tales of the South Pacific meitsje wollen, mar dêr hiene Rodgers en Hammerstein alle filmrjochten op kocht, en dy giene net mei de plannen akkoart. Uteinlik rûn it tillefyzje-aventoer fan Michener op 'e non.
Micheners syn roman Hawaii, dy't yn 1959 ferskynde, hie de tiid mei, om't Hawaï dat jiers de fyftichste Amerikaanske steat waard. It wie in histoaryske roman dy't iuwen fan 'e skiednis fan Hawaï omfette en myriaden ynfloeden ûndersocht dy't de bewenners en it lânskip fan 'e Hawaï-eilannen foarme hawwe. Michener hie foar it boek jierrenlang yngeand ûndersyk dien oangeande skiednis, kultuer en sels geology. Neitiid soed er dy oanpak foar al syn folgjende romans brûke. De earste fan dy folgjende boeken wie Caravans, dat yn 1963 ferskynde. Dêryn ferkende Michener de kulturele ferskowings yn it Afganistan fan nei de Twadde Wrâldoarloch troch de eagen fan in Amerikaanske frou dy't troud is mei in Afgaanske yngenieur. The Source, út 1965, wie Michener syn werfertelling fan 'e skiednis fan it joadendom, begjinnend by de iere Hebreeërs en troch de milennia hinne oant it moderne Israelysk-Palestynske konflikt. En yn The Drifters, dat útkaam yn 1971, folge er jonge swalkers dy't nei de Fjetnamoarloch nei betsjutting yn it libben sykje.
Centennial, út 1974, wie nei alle gedachten it wurk fan Michener dat troch de resinsinten it measte tajubele waard. Dêryn dokumintearre er it ferhaal fan Colorado, de Centennial State, in oantsjutting dy't ferwiist nei if feit dat Colorado in Amerikaanske steat waard yn 1876, doe't de Feriene Steaten hûndert jier bestiene. Yn it boek folge Michener de skiednis fan 'e steat fan syn geologyske oarsprong troch de prehistoarje, fia de Yndianen en de iere kolonisten yn it Wylde Westen nei it twahûndertjierrich bestean fan 'e Feriene Steaten, yn 1976. Centennial waard yn 1978 troch NBC adapteare ta in populêre tolvedielige minysearje mei deselde namme, dy't yn in protte lannen op 'e tillefyzje útstjoerd waard.
Yn 1978 ferskynde fan 'e hân Michener Chesapeake, wêryn't er yn syn ûnderwilens bekende styl de skiednis fan in kustdoarp yn Marylân fertelt. Yn The Covenant, dat yn 1980 útkaam, folge er de skiednis fan Súd-Afrika fan 'e prehistoaryske Boskjesmannen oant de Twadde Boere-oarloch. Dat waard yn 1982 folge troch Space, in fiktive beskriuwing fan it romtefeartprogramma fan 'e NASA, wêryn't de libbens fan wittenskippers, astronauten en politisy trochinoar rinne. Poland, út 1983, wie ynspirearre troch Michener syn reizen yn Poalen. Yn 'e roman folge er de skiednis fan it lân fan 'e trettjinde iuw oant de 1980-er jierren. Yn 1985 ferskynde Texas, wêryn't Michener de lêste 400 jier fan 'e skiednis fan Teksas folget. Legacy, út 1987, wie in hiel oare boek, dat in fiktyf ferslach fan it Iraan-kontraskandaal joech troch de eagen fan in ynderlik hinne en wer skuorde Amerikaanske luitenant-kolonel.
Yn 'e roman Alaska, út 1988, joech Michener in fiktive beskriuwing fan 'e skiednis fan Alaska, fan 'e prehistoarje, fia de Russyske Tiid en de Goudkoarts fan Klondike oant yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Yn 1989 kaam Caribbean út, in roman wêryn't Michener de skiednis fan it Karibysk Gebiet beskriuwt fanôf de oankomst fan Kristoffel Columbus fia de heechtijdagen fan 'e seerôverij yn 'e santjinde iuw en de opkomst fan 'e sûkerreidplantaazjes fan Jamaika nei de swierrichheden fan 'e tweintichste iuw. Itselde jiers ferskynde fan syn hân ek Journey, dat basearre wie op in haadstik út Alaska. Yn dat wurk gied er djipper yn op it wol en wee fan in Britske goudsikersekspedysje ûnder de Goudkoarts fan Klondike.
Hiel apart wie The Novel, út 1991, in roman wêryn't in roman de haadrol spilet. It boek fertelt it ferhaal fan 'e skepping fan it boek, út 'e inoar snijende eachpunten wei fan 'e skriuwer, de redakteur, de literatuerkritikus en de lêzer. Mexico, in roman dy't yn 1992 ferskynde nei't Michener der mear as tritich jier ôf en oan mei dwaande west hie, gie oer in Amerikaanske sjoernalist dy't yn Meksiko op 'e siik giet nei it ferline fan syn famylje. Recessional wie Michener syn lêste roman, wêryn't er de útdagings beskreau fan in dokter dy't palliative soarch biede moat oan in ûngewoane pasjint. Neitiid ferskynden noch twa koarte ferhalen: Miracle in Seville (1995) oer de kultuer efter it bollefjochtsjen yn Spanje, en Matecumbe (postúm yn 2007) oer de relaasje tusken in mem en in dochter yn it fiktive plak Matecumbe, yn Floarida, dy't allebeide skieden binne en parallelle libbens liede.
Njonken fiksje skreau Michener ek essays, opiny-artikels, in dichtbondel en reisferhalen, lykas Iberia, út 1968, oer syn omdoarmings oer it Ibearysk Skiereilân. Hy publisearre wurken oer skiedkundige ûnderwerpen, Japanske gravuerekeunst en syn eigen politike opfettings. Sa bekritisearre er yn Presidential Lottery (1969) en The Quality of Life (1970) it Amerikaanske politike systeem en yn it bysûnder de yn syn eagen ûndemokratyske ynfloed fan it Electoral College op 'e útkomst fan ferkiezings. Yn it boek Sports in America (1976) joech er in beskriuwing fan 'e Amerikaanske sportkultuer en syn problemen. Ek publisearre Michener ferskate autobiografyske wurken, wêrûnder Report of the County Chairman (1961), oer syn belutsenens by de kampanje fan John F. Kennedy foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 1960, Collectors, Forgers – And a Writer: A Memoir (1983), oer iere ynfloeden yn syn libben, en The World Is My Home (1992), dat in folsleinere autobiografy wie.
Michener stie bekend om syn flugge produksje fan tige livige romans mei gauris mear as tûzen bledsiden. Yn My Lost Mexico, út 1992, fertelde er dat er gauris tolve oant fyftjin oeren deis efter de typmasine siet, en dat wiken efterinoar folhold. Hy produsearre dan sa'n soad papier, dat syn argyfsysteem it betiden net oankoe.
Priveelibben
bewurkje seksjeMichener troude trije kear. Yn 1935 troude er mei Patti Koon, fan wa't er yn 1948 skiede. Dêrnei wertroude er noch datselde jier mei Vange Nord. Hy kaam mei syn trêde frou, Mari Yoriko Sabusawa, yn 'e kunde by in sosjale gelegenheid yn Chicago. Hja wie in dochter fan Japanske ymmigranten, en hie de Twadde Wrâldoarloch trochbrocht yn ynternearringskampen yn Utah en Colorado. Michener skiede yn 1955 fan Nord en wertroude datselde jier mei Sabusawa. Mei har bleau er troud oant har dea yn 1994. Syn roman Sayonara, út 1954, oer de leafde tusken in Amerikaan en in Japanse, is kwasy-autobiografysk en basearre op syn ûnderfinings mei syn trêde frou.
Yn 1962 stelde Michener himsels yn Pennsylvania kandidaat foar de Demokratyske Partij foar in sit yn it Amerikaansk Hûs fan Offurdigen. Hy ferlear lykwols en besocht it dêrnei nea wer. Letter beskôge er dy episoade yn syn libben as in misse set. Wol bleau er belutsen by de Demokratyske Partij en tsjinne er û.m. as sekretaris fan 'e Grûnwetlike Konvinsje fan Pennsylvania yn 1967-1968. Yn 1968 tsjinne er foar syn partij as kiesman en lid fan it Electoral College, in ynstitút dêr't er letter tsjin agearje soe yn syn non-fiksjeboek Presidential Lottery: The Reckless Gamble in Our Electoral System. Michener wie in grut foarstanner fan it ôfskaffen fan it kiesdistriktestelsel by de Amerikaanske presidintsferkiezings, sadat de presidint direkt troch it elektoraat keazen wurde koe.
Yn syn lettere libben ûntjoech Michener him ta in filantroop, dy't mear as $100 miljoen weijoech oan ûnderwiisynstellings en kulturele organisaasjes, wêrûnder it Swarthmore Kolleezje, de Iowa Writers Workshop en it nei him ferneamde James A. Michener Art Museum yn syn berteplak Doylestown. Ek skonk er mear as $37 miljoen oan 'e Universiteit fan Teksas te Austin, dêr't û.m. it Michener Center for Writers mei finansierd waard, dat stúdzjebeurzen foar skriuwers, dichters, toanielskriuwers en senarioskriuwers útjout.
Ferstjerren
bewurkje seksjeHarren lêste jierren wennen Michener en de frou yn Austin, de haadstêd fan Teksas. Syn frou stoar dêre yn 1994. Michener sels litte sûnt 1993 oan nierfalen, en hie op deistige basis ferlet fan nierdialyze. Yn oktober 1997 beëinige er dy behanneling. Hy sei dat er yn syn libben berikt hie wat er berikke woe, en dat er gjin fierdere lichaamlike ôftakeling trochmeitsje woe. Hy stoar op 16 oktober 1997, yn 'e hege âlderdom fan 90 jier, oan nierfalen. Hy waard kremearre, en syn jiske waard njonken dy fan syn frou pleatst yn it Austin Memorial Park Cemetery.
Michener liet de measte auteursrjochten op syn wurken nei oan it Swarthmore Kolleezje, dêr't er syn bachelortitels behelle hie. Syn papierren skonk er oan 'e Universiteit fan Noardlik Colorado, dêr't er syn mastergraad behelle hie. Yn 'e hjerst fan 1998 waard it James A. Michener Genoatskip oprjochte dat ta doel hat om it wurk fan Michener te behâlden en út te dragen.
Wurk
bewurkje seksjeFiksje
bewurkje seksje- 1947 – Tales of the South Pacific (ferhalebondel; ek wol beskôge as in roman besteande út ûnderling ferbûne ferhalen)
- 1949 – The Fires of Spring (roman)
- 1950 – Return to Paradise (acht essays dy't elts in eilân yn 'e Stille Súdsee beskriuwe, mei dêroan taheakke in koart ferhaal oer dat eilân)
- 1953 – The Bridges at Toko-ri (novelle)
- 1954 – Sayonara (roman)
- 1957 – Rascals in Paradise (ferhalebondel)
- 1959 – Hawaii (roman)
- 1963 – Caravans (roman)
- 1965 – The Source (roman)
- 1971 – The Drifters (roman)
- 1974 – Centennial (roman)
- 1978 – Chesapeake (roman)
- 1978 – The Watermen (koart ferhaal dat ek diel útmakket fan Chesapeake)
- 1980 – The Covenant (roman)
- 1982 – Space (roman)
- 1983 – Poland (roman)
- 1985 – Texas (roman)
- 1987 – Legacy (roman)
- 1988 – Alaska (roman)
- 1989 – Caribbean (roman)
- 1989 – Journey (roman basearre op in haadstik út Alaska)
- 1991 – The Novel (roman)
- 1993 – Creatures of the Kingdom (bondel fan 15 passaazjes út Hawaii, Centennial, Chesapeake, The Covenant, Texas en Alaska, dy't allegearre oer bisten geane, mei dêropta 1 nij ferhaal)
- 1992 – Mexico (roman)
- 1994 – Recessional (roman)
- 1995 – Miracle in Seville (koart ferhaal)
- 1996 – Three Great Novels of World War II (omnibusedysje fan Tales of the South Pacific fan Michener, Mr. Roberts fan Thomas Heggen en Battle Cry fan Leon Uris)
- 1997 – A Century of Sonnets (mear as 100 gedichten dy't yn 70 jier tiid troch Michener skreaun waarden)
- 2007 – Matecumbe (koart ferhaal)
Non-fiksje
bewurkje seksje- 1950 – Return to Paradise (acht essays dy't elts in eilân yn 'e Stille Súdsee beskriuwe, mei dêroan taheakke in koart ferhaal oer dat eilân)
- 1951 – The Voice of Asia (in bondel fan 15 artikels oer Michener syn reizen troch Aazje fuort nei de Twadde Wrâldoarloch)
- 1954 – The Floating World (oer Japanske gravueres út it Edo-tiidrek)
- 1957 – The Bridge at Andau (oer de ûnderfinings fan flechtlingen ûnder de Hongaarske Opstân fan 1956)
- 1959 – Japanese Prints: From the Early Masters to the Modern (tekst by de sketsen fan keunstner Jack Levine, ek mei tekst fan Richard Lane)
- 1961 – Report of the County Chairman (oer syn belutsenens by de kampanje foar de presidintsferkiezings fan John F. Kennedy)
- 1968 – The Modern Japanese Print: An Appreciation (beheinde útjefte mei kommentaar fan Michener op tsien ferneamde Japanske gravueres)
- 1968 – Iberia (reisferhalen oer Michener syn omdoarmings troch Spanje en Portegal)
- 1969 – Presidential Lottery: The Reckless Gamble in Our Electoral System (krityk op it Amerikaanske ferkiezingssysteem mei syn Electoral College)
- 1970 – The Quality of Life (krityk op it Amerikaanske politike systeem)
- 1971 – Kent State: What Happened and Why (ûndersyk nei it Bloedbad op de Universiteit fan Kent op 4 maaie 1970, doe't by anty-oarlochsprotesten 4 studinten deasketten waarden troch de Nasjonale Garde)
- 1973 – Michener Miscellany: 1950–1970 (kompilaasje fan essays út it tiidrek 1950-1970)
- 1973 – Firstfruits: A Harvest of 25 Years of Israeli Writing (blomlêzing fan 25 jier Israelyske literatuer ûnder redaksje fan Michener)
- 1976 – Sports in America (beskriuwing fan 'e Amerikaanske sportkultuer en syn problemen)
- 1978 – About Centennial: Some Notes on the Novel (yn beheinde oplaach útbrochte oertinkings oer syn roman Centennial)
- 1981 – James A. Michener's USA: The People and the Land (ferhalebondel mei wurk fan oare skriuwers ûnder redaksje fan Peter Chatain, mei in wurd foarôf fan Michener)
- 1983 – Collectors, Forgers – And a Writer: A Memoir (yn beheinde oplaach útbrocht autobiografysk wurk oer iere ynfloeden yn it libben fan Michener)
- 1989 – Six Days in Havana (oer de researchreis nei Kuba, dy't Michener makke foar syn roman Caribbean)
- 1990 – Pilgrimage: A Memoir of Poland and Rome (foar in part reisferhaal en foar in part autobiografy, oer Michener syn reizen troch Poalen en Itaalje)
- 1990 – The Eagle and the Raven (histoarysk wurk oer de Teksaanske Unôfhinklikheidsoarloch)
- 1992 – My Lost Mexico (oer it skriuwen en redigearjen fan 'e roman Mexico, in proses dêr't Michener 30 jier mei dwaande wie)
- 1992 – The World Is My Home (autobiografy)
- 1993 – Literary Reflections (autobiografyske oertinkings; omfettet ek in werútjefte fan Collectors, Forgers – And a Writer: A Memoir)
- 1994 – William Penn (biografy fan en oertinkings oer William Penn, de stifter fan Pennsylvania)
- 1995 – Ventures in Editing (yn beheinde oplaach útjûn kommentaar op it skriuwproses en wat nedich is om in boek útjûn te krijen)
- 1996 – This Noble Land: My Vision for America (beskriuwing fan 'e krêften en swakten fan 'e Feriene Steaten mei dêropta in foarútsjoch nei de takomst)
Adaptaasjes fan Micheners wurk
bewurkje seksjeToaniel
bewurkje seksje- 1949 – South Pacific (musical) (basearre op Tales of the South Pacific)
Film
bewurkje seksje- 1953 – Return to Paradise (basearre op Return to Paradise)
- 1954 – Men of the Fighting Lady (ek bekend as Panther Squadron; basearre op it artikel The Forgotten Heroes of Korea dat publisearre waard yn 'e Saturday Evening Post)
- 1954 – The Bridges of Toko-Ri (basearre op The Bridges at Toko-ri)
- 1957 – Sayonara (nominearre foar 10 Oscars, wûn 5 wêrûnder dy foar bêste aktrise foar Miyoshi Umeki; basearre op Sayonara)
- 1957 – Until They Sail (basearre op Return to Paradise)
- 1958 – South Pacific (basearre op Tales of the South Pacific)
- 1966 – Hawaii (basearre op Hawaii)
- 1970 – The Hawaiians (basearre op Hawaii)
- 1978 – Caravans (basearre op Caravans)
Tillefyzje
bewurkje seksje- 1959–1962 – Adventures in Paradise (orizjinele tillefyzjesearje makke troch Michener)
- 1978 – Centennial (minysearje; basearre op Centennial)
- 1985 – Space (minysearje; basearre op Space)
- 1994 – James A. Michener's Texas (minysearje; basearre op Texas)
- 2001 – South Pacific (tillefyzjefilm; basearre op Tales of the South Pacific)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|